KNKB: Sukses foar Easterein op NK’s

Hjoed wienen de NK’s foar de froulju en de pupillenfamkes en pupillenjonges. Yn de pupillenfamkeskategory hienen we gjin partoer op de list.

 

Rutger Sijbesma, Jelmer Brouwer en Redmer Wiersma mei coach Harm Auke Dijkstra winne de 2e priis op it NK foar pupillenjonges yn Wommels!

(Foto: @kaatsnieuws)

20160625 NKPupillenjongespriis2

Fan herte lokwinske jonges, in prachtige prestaasje! Sjoch foar alle berjochten by NK Pupillenjonges – Wommels

 

De jonges begjinne sterk oan it NK. Yn de earste omloop winne se fan Leeuwarden LKC mei 2-5:6-6 en dêrnei winne se fan Eksmoarre mei 1-5:6-6 Ek Minnertsgea wurdt pakt mei dikke sifers, 1-5:6-6 en mei in steand nûmer komme de mannen yn de finale! Dêr treffe se Dronryp dat mei 5-0:6-0 wint fan Hommerts.

Twa grutte ferienings mei in sterk jeugdbelied treffe elkoar dus yn de finale. OP 4-6 komt Easterein in earst efter, mar se meitsje gelyk, 1-1. Op 6-0 pakt Dronryp de 1-2 en op 6-6 is it wer Dronryp dy’t de 1-3 pakt mei in boppeslach. It wurdt sels 1-5 foar Dronryp en dan wit Easterein noch in buordsje te pakken, 2-5. Mar it is dochs Dronryp dy op 4-6 it kampioenskip pakt en dat betsjut in moaie twadde priis foar Easterein.

 


De froulju, Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma winne de 3e priis op it NK Dames!

Sjoch foar alle berjochten by NK Dames – Bitgum

20160625 NKFrouljuTinte

De froulju winne de 1e omloop fan Stiens mei 2-5:0-6 en yn de 2e omloop wurdt Folsgeare ferslein mei 2-5:4-6 en troch in steand nûmer op de tredde list komme se yn de heale finale tsjinoer Seisbierrum-Pietersbierum. Yn dizze partij komt Easterein op in 5-0 efterstân! Eilaas kinne se net werom komme yn de partij en de heale finale wurdt ferlern mei 5-0:6-4 fan it ferrassende Seisbierrum.

20160625 NKFroulju3epriis

 


Foto’s (mei tank oan www.kaatsnieuws.com)

20160625 NKPupillenjonges5

20160625 NKPupillenjonges6

20160625 NKPupillenjonges7

20160625 NKPupillenjonges1

20160625 NKPupillenjonges2

20160625 NKPupillenjonges3

20160625 NKPupillenjonges4