KNKB: NK Famkes en Jonges 2016

knkb logo webSneon 18 juni binne de Nederlânske Kampioenskippen foar de famkes en de jonges.

Beide wedstriden binne ek live te folgjen op de KNKB-site


Famkes

De famkes keatse yn Dronryp en der steane 24 partoeren op de LIST, trije mear as ferline jier.

Foar Easterein keatse de famkes Mirjam Punter, Selma de Boer en Jeska Terpstra. Se binne partoer 20 en begjinne tsjin Berltsum.

In goede reis hinne en werom en in soad SUKSES Famkes!


Jonges

De jonges keatse yn Menaam en der steane 39 partoeren op de LIST, twa minder as ferline jier.

Foar Easterein keatse de jonges Kees vd Horst, Bauke Reijnhoudt en Rutger Wiersma. Se binne partoer 27 en begjinne tsjin Weidum.

In hiel soad SUKSES Jonges!