Skip to content

In smoarhyt keatswykein! It begûn yn Minnerstgea op woansdei 16 july mei de manlje en froulju haadklasse yn simmerske omstannichheden. minnertsgea hie it prima foar elkoar en ek de catering dy goede saken!

 

Sneontejûn wie de lotting fan de Jong-Feinte en sjoch, op de lustrumedysje, 10 jier, samar in nij rekord oan partoeren, 28! Fjouwer ferienings komme mei twa partoeren! 

Op de fjirde woansdei fan july, 23-7-2014, sil it heve. Mear nijs folget by Spesjaal nijs, boppeoan dizze side.

 

En dan de PC op de fiifde woansdei. De ranking is tige wichtich. Mar binne je no keatser/keatster of leafhawwer of… Dúdlik is wol dat de ranking no talit om in kar te meitsjen tusken rekkenjen en keatsen… En welke Eastereinder keatsers steane op de PC en welke Jong-Feinten op de keats-off foar de PC. De keatsoff dy’t ûngelokkich nei de Jong-Feinte falt.

 

 


 

Woansdei 16 july

 

Sneon 19 july

 

Morra-Lioenssens – Manlju 1e klas frije formaasje

Dirk-Yde Sjaarda wint mei Erik Haitsma fan Wommels en Sjoerd de Jong fan St Anne (ynfallen foar Siebe Greidanus) de krânsen. Yn de finale wurdt wûn fan Pieter van Althuis, Jacob Klaas Haitsma en Patrick Scheepstra.

20140719 MorraLioenssens Manlju1eklas

 

Makkum – Haadklasse froulju frije formaasje

Imke vd Leest wint mei Nicole Hempenius en Harmke Siegersma de 3e priis troch fan Nynke Sinnema, Marte Altenburg en Renske Terwisscha v. Scheltinga te winnen mei 5-3:6-4.

Wie de ‘dress-code’ fan de priiswinners ek ny yn Makkum?

20140719 Makkum HaadklasseFroulju

 

Ie – froulju 1e klasse frije formaasje

De krânsen yn Ie wienen foar Marije Hiemstra mei Maaike Osinga en Margriet Bakker. Yn de finale wûnen se fan Marije vd Meer, Klasina Huistra en Anke Marije Pompstra.

20140719 Ie 1eklasseFroulju

 

Weidum – Pupillenfamkes AB

Der waard, troch minder dielname, op 1 list keatst Corrie Kroondijk wint mei Inge Jansma fan Dronryp de krânse.

20140719 Weidum pupillenmeisjes

 

Boazum – Welpenjonges

Siebo Boersma wint de 1e priis yn de ferliezersronde mei Doede de Jager fan Tirns

20140719 Boazum welpenjonges

 

 


Snein 20 july

 

161ste – PC Frjentsjer

Gjin prizen foar Eastereinders keatsers, dêrom skriuwe we efkes oer de PC. Foar Easterein steane op de PC de folgjende dielnimmers mei harren maten:

 

Jelte Pieter Dijkstra, Hendrik Jan vd Velde, Sjoerd de Jong

Dirk-Yde Sjaarda, Erik Haitsma, Siebe Greidanus

Gosse Beeksma, Bauke Dijkstra, Rudolf Soepboer

 

Bauke Dijkstra makket syn debút op de 161ste PC!

2014 BaukeDijkstra

Hjir op in foto (bron: kaatsnieuws.com), neigenietsjend fan wer in boppeslach!

 

De folgjende partoeren stride foar in PC-plak tongersdei 24 july 2014.

Dêrfan binne 4 keatsers woansdei ek op de Jong-Feinte:

 

Willem Heeringa, Johan Diertens en Douwe Anema

Menno van Zwieten, Kees van der Schoot, Gerrit Jan Duiven

Arnold Zijlstra, Tsjerk Elsinga, Hillebrand Visser

Johannes van der Veen, Hyltje Bosma, Steven de Bruin

 

Sukses mannen!

 

Sjoch ek op KNKB.nl

 

 


Moandei 21 july

 

Makkum – Manlju 1e klasse t.i.l.

Op de 23e Douwe Blanksma Partij, manlue 1e klasse t.i.l. wint Dirk Yde Sjaarda de krânsen mei Jan Sipke Tuinman en Laas Pieter van Straten troch de finale mei 5-5:6-6 te winnen. Dirk Yde Sjaarda wurdt ta kening útroppen.

20140721 Makkum Manlju1eklasse 

 

 

Back To Top