Keatskes: 2013-05-15 o/m 20

20 maaie: Frjentsjer – Manlju NK Senioaren

Op Pinkstermoandei de tradisjonele keatsdei yn Frjentsjer, it Nederlânsk Kampoeinskip manlju senioaren. Easterein moast mei Dirk-Yde Sjaarda, Jelte Pieter Dijkstra en Bauke Dijkstra begjinne tsjin Damwâld. Dizze wedstriid winne se mei 3-5:4-6.

Mar yn de 2e omloop treffe se al it favorite partoer fan St Jabik. En Bauke en Taeke Triemstra mei Renze Pieter Hiemstra winne it fan Easterein mei 1-5:2-6. Letter sil St Jabik der ôf gean tsjin Hijum-Feinsum.

 

 

19 maaie: Jorwert – Froulju haadklasse útnoeging

20130519 Jorwert haadklasse

Hâld Moed yn Jorwert hie in jubileum te fieren, 100 jier! Op de haadklasse froulju útnoeging stie Marije Hiemstra mei Leonie vd Graaf en Manon Scheepstra yn de finale tsjin Ilse Noorman, Maaike Osinga en Anke Marije Pompstra. De lêsten wisten dat te winnen mei 5-4:6-6.

 

 

 

18 maaie: Hitsum – Froulju 1e klas t.i.l.

Der is in 3e priis foar Sietske Okkema mei Iris Wijbenga en Nicole Hempenius, beide Frjentsjer.

 

18 maaie: Kimswert – Jonges A+B t.i.l.

20130518 KimswertJongesB

Yn de B-klasse in 3e priis foar Bote Jellema mei Wiebe Dijkstra, Anjum en Lex Potma, Hommerts. Se ferlieze de heale finale krekt mei 5-4:6-4 fan de lettere winners fan de dei.

 

 

18 maaie: Weidum – Pupillenfamkes A+B t.i.l.

20130518 WeidumPupillenfamkesB

Corrie Kroondijk wint mei Kristia Dotinga, Sybrandabuorren in 2e priis yn de ferliezersronde.

 

 

15 maaie: Easterein – Kniplokaeltsjepartij

Ferslach en foto’s Kniplokaeltsjepartij