Keatskes: 2013-05-26

26 maaie: Doanjum – Haadklasse manlju útnoeging

Jelte-Pieter Dijkstra komt mei syn maten fan dy dei, Jacob Zaagemans, Workum en Hylke Bruinsma, Minnertsgea, yn de finale tsjin Gert-Anne van der Bos, Renze Hiemstra en Pier Piersma. Se ferlieze dat mei 5-1:6-4.

 

De 1e omloop hienen se wûn fan Bauke Triemstra, Sjoerd de Jong en Hans Wassenaar mei 5-3:6-6. Yn de heale finale winne se fan Jan Dirk de Groot, Folkert v.d. Wei en Thomas van Zuiden mei 5-2:6-0

20130526 Doanjum JPDijkstra

Foto: Henk Bootsma – Fotografie

 

 

26 maaie: Berltsum – Haadklasse en earste klasse froulju f.f.

Yn de haadklasse gjin prizen foar de Eastereinder froulju. Yn de 1e klasse ferlieze Tineke Dijkstra, Judy Bergsma (letter ferfongen troch Sietske Poelsma) en Marije vd Meer it fan Sietske Okkema, Anke Winkel en Jelien Pompstra mei 5-2:6-0. Sietske endy ferlieze fan de lettere krânsewinners yn in wedstriid foar finale as neat, 5-3:6-4.

Tineke en dy komme yn de finale fan de ferliezersrond en winne dat mei 2-5:4-6.

 

 

26 maaie: Marsum – Jonges A+B t.i.l.

20130526 Marsum Jonges2

De krânse by de jonges B is foar Bote Jellema mei Wiebe Dijkstra, Anjum en Rense Sijbesma, Dronryp, nei 5-5:8-6 winst! Der is in 3e priis foar Doede Rients Okkema en Remon Tie Bouma mei Marco Weijer, Wommels


Foar mear foto’s sjoch www.kv-foarut.nl

 

 

26 maaie: Easterlittens – Pupillenfamkes Ofd. & t.i.l.

20130526 Easterlittens pupillenfamkes

Easterein mei Corrie Kroondijk, Selma de Boer en Roelie Kroondijk moasten gelyk tsjin it sterke Rie en ferlearen dat. Rie waard 1e op de ôfdielingswedstriid.

Yn de t.i.l. partij wie der in 3e priis foar Corrie Kroondijk mei Jildou Ekema, Menaam

 

 

26 maaie: Wolsum – Welpenfamkes t.i.l.

20130526 Wolsum Welpenfamkes

Yn Wolsum in 3e priis foar Nynke Paauw mei Rikst Abma, Goenga

 

 

25 maaie: Kimswert – Haadklasse froulju ôfdieling

20130525 Kimswert FrouljuOfdieling1 

Easterein 1 mei Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma winne de 1e priis yn Kimswert. Yn de finale wurdt wûn mei 5-3:6-2 fan St Anne. De 1e omloop winne se fan Grins mei 5-5:6-0. Dêrnei tsjin Berltsum wurdt wûn mei 2-5:4-6. Yn de heale finale wurdt wûn fan Ie mei mar leafst 1-5:6-6.

20130525 Kimswert FrouljuOfdieling2

Der binne 3e prizen foar Ie en foar Wommels (Hester vd Meer, Judy Bergsma en Anke Marije Pompstra). Se winne fan Frjentsjer 2, 5-2:6-4 en fan Minnertsgea, 5-2:6-0, mar ferlieze fan St Anne mei 2-5:4-6.

 

Easterein 2 (Tineke Dijkstra, Sietske Okkema en Jelien Pompstra) dy it knap tsjin Ie, mar ferlear mei 4-5:4-6.

 

 

25 maaie: Huizum – Jonges ôfdieling en t.i.l.

Yn Huizum komme Bote Jellema, Doede Rients Okkema en Remon Tie Bouma nei oerwinnings op Makkum2 () en ? () op de 3e list.

 

 

25 maaie: Achlum – Skoalfamkes ôfdieling en t.i.l.

20130525 Achlum Skoalfamkes

Yn de ôfdielingswedstriid ferlear Easterein (Mirjam Punter, Julia Paauw, Jeska Terpstra fan Grou mei 5-4. Yn de t.i.l.-wedstriid wie der in 3e priis foar Mirjam en Julia.

 

25 maaie: Wommels – Pupillenfamkes A+B

20130525 Wommels Pupillenfamkes

1e priis yn de A-klasse foar Selma de Boer mei Joanne Elise Broeders, Rie. Se ferlieze de 1e omloop mei 4-5:6-6, mar de beide oare omlopen wurde wÛn (3-5:6-6 en 3-5:6-6)

 

Yn de B-klasse is der in 1e priis yn de ferliezersronde foar de Eastereinder famkes Corrie Kroondijk en Machtelt Veldman.

 

 

25 maaie: Jellum-Bears – Welpenjonges Federaasje 

20130525 JellumBears Welpenjonges

Yn Jellum Bears wie in wedstriid foar welpenjonges. Dêr helle Rutger Sijbesma mei Brenda Dijkstra, Leons en Wiebe Siemen Leenstra, Hylaard in 1e priis en Siebo Boersma in 3e priis mei Jelke Greidanus, Winsum.