KNKB: FBcup winst Easterein

Froulju Easterein winne FB-cup!

Dronryp – FB-CUP

Sneon 29 augustus wienen de finales fan de FB-cup yn Dronryp. Easterein wie dêr fertsjintwurdige troch de froulju fan Easterein mei Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma en coach Durk vd Leest.

20150829Dronryp FBcup WS2

Hja moasten de heale finale keatse tsjin it altyd taaie Easterlittens en winne dat mei 5-2:6-4. Dêrnei yn de finale tsjin Frjentsjer dat mei 5-0:6-2 wûn hie fan Berltsum. Se komme op 3-0 en 4-1 foar en op 4-2:6-6 pakke se sels de 5-2!
Dan wurdt it 6-6 mar Easterein pakt it lêste earst en wint dêrmei de FB-cup en in moaie priis foar partoer en feriening!

20150829Dronryp FBcup HB1

 

20150829Dronryp FBcup HB2

20150829Dronryp FBcup HB3

Sjoch foar mear foto’s op Foto’s Henk Bootsma Fotografie

 

Utrikking klassemintsprizen

Yn Dronryp hienen se yn it skoft tusken de wedstriden troch de útrikking fan de klassemintsprizen foar de jongerein.

By de welpenjonges wie de 3e priis foar Redmer Wiersma mei 22 punten

20150829Dronryp KlassemintWJ3

By de skoalfamkes kamen de froulju Kroondijk, Roelie, 2e en Corrie, 3e, op it podium

20150829Dronryp KlassemintSF23