It earste keatswykein is alwer west! Foar it earst keatsen op Keningsdei yn Easterein en fansels de tradisjonele start fan it ôfdielingskeatsen yn Weidum.
26-04-2014 – Keningdeikeatsen – Easterein
Yn Easterein wei it Keningsdei en dan begjint ek tradisjoneel it keatsen. Om 10.00 oere gie de partij los, stipe troch Oranjeferiening Oranje & Heitelân.
Sjoch by Wedstriidútslaggen, Leden.
26-04-2014 – Holwert – Manlju 1e klasse
Yn Holwert helle Dirk Yde Sjaarda de 1e priis fan it seizoen al binnen. Hy wûn de 3e priis mei René Anema, Balk en Steven de Bruin, Tsjummearum.
27-04-2014 – Weidum – Haadklasse manlju ôfdieling
Foar Easterein stienen op de list Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Marten Faber. Hja moasten tsjin it sterke Bitgum en ferlearen dat mei 3-5:4-6. Bitgum hellet de heale finale en ferliest dan fan Ljouwert.
Keatskamp
Moarn 30 april begint it keatskamp. Om 14:30 oere sammelje op it sportpark De Skoalleseize en dan wurdt útein setten mei it earste keatskamp fan Keatsferiening Easterein.
We winskje de Imke, Marije, Bauke en Pytrik, alle frijwilligers en fansels de bern in soad sukses en in soad wille en fansels goed waar ta!
Fan elke dei wurdt in ferslach byhâlden en foto’s en dat kinne jimme fyne op dizze webstie
FB Oranjewoud cup
Easterein pakt aardich út mei de dielname fan 5 partoeren! By de manlju 1 partoer en by de froulju mar leafst 4!
Sjoch de oanmeldings op de KNKB-site (klik op it logo)