Skip to content

Tongersdei 26 juny

Easterein – Feestkeatsen

We ha noch gjin folsleine útslaggen of foto’s.

We witte wol dat Tjeerd en Mattie Dijkstra beide de krânse hienen.

 

 

 


Sneon 28 juny

Goeiïngea – NK Pupillenfamkes

Sjoch it ferslach Pupillenfamkes Nederlânsk Kampioen 2014

 

 

Mantgum – Jong-Famme

De jongfammen fan Easterein wienen der mei 2 partoeren. Partoer 1 mei Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Jelien Pompstra winne de 3e priis. Yn de heale finale wurdt ferlern mei 5-5:6-0 fan Dronryp nei in 5-3 foarsprong. 1e omloop mei 1-5:0-6 fan Mantgum, dan in goede wedstriid tsjin Grou, 2-5:4-6, dan tsjin Seisbierrum-Pietersbierum 5-3:6-2.

It wie foar it earst dat KF Easterein in priis wûn op de Jong-Famme dy’t dit jier har 11de edysje hie.

 

Partoer 2 mei Sietske Okkema, Marit Kuperus en Gabriele Bouma moasten it opnimme tsjin Peins. Dat gie goed en faak 6-6 en der hie wol mear ynsitten. Der waard ferlern mei 2-5:2-6.

 

 

Folsgeare – Skoalfamkes A+B

In 2e priis yn de ferliezersronde foar Selma de Boer mei Ylona Lommers fan Menaam

20140628 Folsgeare Skoalfamkes 

 

 

 


 

Snein 29 juny

Makkum – Manlju 50+

In 3e priis foar Sipke Hiemstra mei Wietse Punter en Henk Mulder.

20140629 Makkum50

 

Wommels – Skoalfamkes

De krânse foar Slema de Boer mei Rianne Nutma fan Winsum

20140629 Wommels Skoalfamkes

 

 

Wolsum – Welpenjonges A+B

Yn de B-klasse in 3e priis foar Rutger Sijbesma mei Jildert Wijbenga (Arum)

 

Back To Top