Keatskes: 30-08-2015

In moai wykein foar de keatsers en keatsters fan K.F. Easterein. Sneon de winst op de FB cup foar de Eastereinder froulju Marije, Imke en Martine en we hienen trije jeugdkeatsers dy in klasssemintspriis wûnen. En op de Federaasje pakten trije partoeren prizen op de ôfdielingswedstriiden yn Wolsum. Snein waard it wykein ôfslúten mei de lêste ledewedstriid foar de senioaren, de De Jongpartij.

Kommend wykein ha we freed 4 septimber it nachtkeatsen foar de jongerein en snein 6 septimber is de Stiperdei. 


Freed 28 augustus 


Wolsum – Federaasje ôfdieling

Der dienen in soad partoeren mei op de federaasje ôfdielingswedstriden yn Wolsum. Freed wienen de wedstriden foar junioaren, famkes/jonges en skoalbern en snein wienen de wedstriden foar de welpen en pupillen.

20150828Wolsum FedOfdFJgroep

Dizze partoeren stienen op de list, mar eilaaas gjin priis:

Junioaren: Bote Jellema en Rémon Tie Bouma
Famkes: Julia Paauw, Mirjam Punter
Skoalbern: Alien Dijkstra, Nynke Paauw, Machtelt Veldman
Pupillen:
Jelmer Brouwer, Niels Janssen, Rutger Sijbesma
Marrit Hiemstra, Tessa Ottens, Welmoed Stegenga
Nadja Sixma, Emma Stegenga
Welpen:
Jesper Pauw, Niels Hiemstra
Arjen Stremler, Redmer Stegenga
Senay Sixma, Liset Sijbesma, Benthe Ottens

By de famkes/jonges wienen der trije prizen.
Roelie Kroondijk, Selma de Boer, Corrie Kroondijk kamen yn de krânsen troch de finale te winnen mei 5-3:6-0 fan Baukje Terpstra, Janieke Dijkstra, Jeska Terpstra
Yn de ferliezersronde winne Kees van der Horst, Jorrit Veldman, Rutger Wiersma de finale mei 5-2:6-2 fan Folsgeare.

20150828Wolsum FedOfdFJ1

20150828Wolsum FedOfdFJ2

20150828Wolsum FedOfdFJF1  


Snein 30 augustus 


Easterein – De Jongpartij

Yn Easterein wie de lêste senioarenpartij foar leden foar 2015.

Utslach en foto ûnder Wedstriidútslaggen, Leden.

Boazum – Manlju A

De 3e priis foar Sipke Hiemstra mei Douwe Wierstra uit Holwerd en Johan Hiemstra uit Sint Annaparochie. 

20150830Boazum Manlju50A2 

Boazum – Manlju B

De 2e priis foar Roel Sijbesma mei Lubbert Schreiber uit Sint Annaparochie en Johan van der Veen uit Oentsjerk 

20150830Boazum Manlju50B 

Oude Leije – Famkes t.i.l.

De 2e priis yn de ferliezersronde foar Jeska Teprstra mei Nynke Marije Faber en Anke Zwart.

20150830OudeLeije Famkestil

Balk – Skoalfamkes A+B

Yn Balk is de krânse foar Roelie Kroondijk mei Anna Rob fan Winsum.

20150830Balk SkoalfamkesA1

De 3e priis is foar Corrie Kroondijk mei Fiera de Vries fan Seisbierrum

20150830Balk SkoalfamkesA3

Hjerbeam – Pupillenfamkes t.i.l.

In 3e priis foar Nynke Paauw mei Foke Jil Bakker Tersoal

 

Letter mear…