Keatskes: 7-9-2014

It seizoen komt ta syn ein en yn Easterein sit it der op! Mei in prachtige Lustrumdei mei stipers, bestjoer, kommisjes, leden en frijwilligers (± 110 misnken) is it seizoen ôfsluten. Foar de KNKB-keatsers steane noch de haadklassewedstriden fan Marssum en Ljouwert op de agenda. 

En… net te ferjitten op 21 septimber de Kippetjespartij yn Winsum en 26 septimber it grutte keatsfeest yn Easterein.

 

 


Freed 5 septimber

 

Easterein – Slotdei jongerein

De jongerein hie it seizoen freed al ôfsluten mei de slotdei. Mei nachtkeatsen en it útdielen fan de kompetysjeprizen. De foarsitter fan de jongereinkommisje, Hasn Kooistra, skreaun in moai ferslach!

 

Sjoch by Jongerein, Slotdei

 

 


Sneon 6 septimber

 

Goutum – Manlju 50+ AB

Yn de B-klasse hie Roel Sijbesma in 3e priis mei Ynze Stienstra en Harmen van Gelderen.
Foar Sipke Hiemstra in 1e priis yn de ferliezersronde mei Piet Stellingwerf en Johan Wittermans.

 

 


Snein 7 septimber

 

Easterein – Lustrumdei

De grutte ôfsluting fan it lustrumjier (110 jier KF Easterein en 10 jier Jong-Feinte) waard mei 56 keatsers en 110 iters (BBQ) fiert. Der waard keatst yn trije listen yn twatallen mei de sêfte bal yn in manljus- en frouljusklasse. In prachtige die mei prachitch waar en om 18:00 gie it hinne mei de barbecue. In wiidweidich ferslach en mear foto’s folgje noch (sjoch by Foto’s).

20140907 LustrumdeiWinners

Mei tank oan Henk Bootsma foar de foto’s. En oan Murk’s Slagerij foar de hearlike BBQ.

20140907 Lustrumdei HB spel

(Klik op dizze foto foar alle oare foto’s fan de Lustrumdei) 

 

 

Reduzum – Froulju 1e klasse

Op dizze lêste wedstriid foar de 1e klasse wie de krânse foar Imke vd Leest mei Marije vd Meer en Sandra Hofstra. De finale winne se mei 5-1:6-6.

20140907 ReduzumFroulju1eklas

 

 


En dan de fierdere aginda foar septimber

 

Sneon 13 septimber

Lytse PC yn Mantgum en Froulju Haadklasse yn Marssum

 

Snein 14 septimber

Manlju Haadklasse yn Marssum

 

Freed 19 septimber – Evaluaasje keatseizoen KNKB

20.00 oere – sportkantine Easterein (sportpark “De Skoalleseize”)

 

Woansdei 24 septimber – Evaluaasje keatseizoen KNKB

20.00 oere – de sportkantine – Sint Annaparochie (sportpark “De Waaie”)

 

Foar 19 en 24 septimber is de aginda:
· De ranking
· Gestuurde loting
· De kaatshandschoen
· Wat verder ter tafel komt

 

Snein 21 septimber

Manlju en froulju haadklasse yn Ljouwert – Oldehove

Kippetjespartij yn Winsum – Opjefte o/m woansdei 17 septimber 20:00 by info@deploechfantsien.nl

Sjoch ek de website fan de Pleoch fan tsien

 

 

 


Snein 28 septimber – Strjitpearkekeatsen Easterdyk!

 

De Oosterdijk in Sneek is zondag 28 september het decor van het Open Sneker Kaatskampioenschap voor paren. Iedereen kan aan deze kaatspartij meedoen.

Er wordt gekaatst in twee klassen en er wordt, zoals gebruikelijk bij straatkaatsen, gekaatst met een grote zachte bal, zodat een kaatshandschoen niet nodig is.

De B-klasse start om 11:00 waarna de A-klasse om 13:00 begint!

 

 

Opgave kan bij Café ’t Skûtsje aan de Oosterdijk in Sneek (tel 0515-418742 ) of stuur een mailtje naar wiljo_wiljo@hotmail.com.

Opgave is mogelijk t/m vrijdag 26 september 19.30.

 

Vroeger werd er veel in Sneek gekaatst, ook op straat. Dit Open Sneker Kampioenschap op de Oosterdijk is dus een prachtig staaltje historisch besef. Kaatsen op de drukste winkelstraat van de gemeente Súdwest-Fryslân, dit jaar voor de vijfde keer. Dat mag geen kaatsliefhebber missen!

 

Dus hoort, zegt het voort en kom zondag 28 september kaatsen op de Oosterdijk in Sneek!

 

 

Let op: er is wederom een prijs voor de orgineelst geklede kaatser/ster