Skip to content

Freed wie de slotjûn fan de jongerein (Sjoch ek ûnder foto’s), snein de Stiperpartij en we ha de lêste haadklassewedstriid foar de froulju hân. De manlju snein yn Marsum en fansels op it gers by de Oldehove op sneon 14 septimber. De sneins is it yn Winsum in grut barren op de “Kippetjespartij”!

 


Sneon 7 septimber

 

KNKB

 

Goutum – Manlju 50+ t.i.l.

20130907 Goutum 50

Op de lêste 50+ wedstriid yn de A- en B-klasse stienen Douwe Durk Reitsma en Sipke Hiemstra op de list yn de B-klasse. Beide mannen kamen yn de prizen.

 

Fan de 19 partoeren wint Douwe Durk Reitsma mei Bertus de Jong, Ljouwert en Dirk vd Leest, Dronryp de krânsen. De 3e priis is foar  Sipke Hiemstra mei Piet de Groot, Midlum en Rienk de Groot, Ljouwert.

 

 


Snein 8 septimber

 

KNKB

 

Easterein – Stiperdei

20130908 KFE Stiperpartij

De prizen wienen foar:

A-keatsers:

1e priis: Dirk Yde Sjaarda mei 21 punten foar en 5 tsjin

2e priis: Peter Sijbesma mei 21 punten foar en 6 tsjin

3e priis: Anne Bakker mei 21 punten foar en 11 tsjin

4e priis: Stefan van Krimpen mei 19 punten foar en 10 tsjin

 

B-keatsers:

1e priis: Liesbeth Bootsma mei 21 foar en 5 tsjin

2e priis: Hendrik Okkema mei 21 foar en 10 tsjin

3e priis:  Jan Hiemstra mei 18 punten foar en 10 tsjin

4e priis: Geertje Sijbesma mei 16 punten foar en 12 tsjin

 

As treastpriis wie der noch in Aardigheidsje foar Tymen en Talitha Dijkstra sy hiene elk de minste earsten foar mar gelokkig net minder wille.

Sjoch ek it ferslach by Wedstriidynformaasje, Utslaggen

Back To Top