Keatskes: 9-6-2013

Woansdei wie de Sandstra-partij yn Easterein foar de jongerein. Neist in moai ferslach ek prachtige foto’s fan Henk Bootsma fan ús jongste jeugd. Snein yn Easterein de famkes A+B kategory en de froulju 1e klas mei in moaie list fan 12 partoeren.

 

Snein 9 juny

 

Húzum – Manlju 1e klasse frije formaasje

20130609 huizum manlju1eklasse

Dirk-Yde Sjaarda wint mei Erik Haitsma, Wommels en Jouke Bosje, Ljouwert de krânsen. Se winne de finale mei 5-1:6-4 fan Johannes van der Veen, Jacob Klaas Haitsma en Kees van der Schoot.

 

 

Akkrum – Manlju 2e klasse frije formaasje

20130609 Akkrum Manlju2e klas3e

Bauke Dijkstra wint mei Mannus van Weert, Ljouwert en Steven de Bruin, Tsjummearum in 3e priis op dizze frije formaasjepartij.

 

 

Froubuurt – Froulju haadklasse frije formaasje

20130609 froubuurt 2eprijs

Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Bianca vd Veen stienen yn de finale en ferlearen fan NynkeSybrandy c.s. Yn de 1e omloop hienen se wûn mei 5-2:6-6 fan de debutanten Sietske Okkema, Anke Winkel en Jelien Pompstra dy’t nei 4-0 efter werom kamen oant 2-4 en doe op 6-6 it earst ferlearen. Se ha it goed dien as debutanten.

 

Easterein – Froulju 1e klasse

20130609 Easterein Froulju1eklas

De waarsomstannichheden wienen goed, ALLE linen wienen beset troch frwijlligers yn de trije fjilden en der wienen sels trije klupskiedrjochters om’t de iene offisjele skiedsrjochter wegens sykte net komme koe. Al mei al dus wer tige goed foar elkoar!

 

Der is in 2e priis foar Martine Tiemersma en har maten Ilse Noorman en Margriet Bakker. Se ferlieze de finale tsjin it partoer fan Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer mei 3-5:4-6. De 3e priis wie foar Sanne Velsma, Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra dy’t fan de lettere winners ferlearen mei 4-5:6-6.

 

Yn de ferliezersronde in 2e priis foar Tineke Dijkstra, Judy Bergsma en Marije vd Meer dy’t mei 1-5:2-6 ferlearen fan Evelien Westra, Hermine Sytema en Janneke Terpstra.

 

 

Easterein – Famkes A+B

20130609 Easterein FamkesA

Hjoed yn Easterein de famkes A klasse. We hiene 4 partoer dy’t yn in poule keatsten. Nei 3 omlopen kamen Anouk Tolsma (Dronryp), Sjanet Wijnia (Wommels) en Ilse Tuinenga (Berltsum) ta 21 earsten foar en 10 earsten tsjin en wûnen de krânsen hjirmei. De 2e priis waard wûn troch Jildou van Dijk (Minnertsgea), Louise Krol (Ie)en Sandra Hofstra (Wjelsryp). Sy hiene 18 earsten foar en 12 earsten tsjin. 

20130609 easterein famkesb 

By de famkes B yn de ferliezersronde waarden de prizen ferdield tusken Akkelyna de Haan (Wier), Fenna Kramer (Winsum) én Lotte Delgrosso (Marsum), Jeske de Boer (Akkrum). Nei in spannende finale, 5-4/6-4, wie de 1e priis foar Lotte en Jeske en gie de 2e priis nei Akkelyna en Fenna.

Mintje Meinema (Dronryp), Martzen Deinum (Wommels) en Leila-Janneke Moufakkir (Reduzem), Anne Monfils (Kimswerd) stiene yn de finale fan de winnersronde. Mintje en Martzen wûnen dizze mei 5-4/6-2. In 3e priis wie der foar Rixt Keuning (Wiuwert) en Angela Donga (Hallum).

 

 

Bitgum – Jonges A+B-klasse

20130609 bitgum jongesb1e

Yn Bitgum komt Bote Jellema yn de krânsen mei Gerrit Winkel, Stiens en Sybren Blanksma, Dronryp.

20130609 bitgum jongesb3e

Der is in 3e priis foar Remon Tie Bouma mei Wessel Miedema, Berltsum en Ids Poelstra Minnertsga.

 

 

Grou – Skoalfamkes ôfdieling en t.i.l. 

Mirjam Punter, Julia Paauw en Jeska Terpstra keatsten de 1e omloop tsjiin Wommels en wûnen fan de buorfamkes mei 5-5:6-2. Dêrnei waard ek wûn fan Berltsum mei 5-2:6-6. Tsjin Grou waard ferlern mei …. Grou wint de wedstriid ek.

 

 

Damwâld – Pupillenfamkes A+B

Selma de Boer wint yn de A-klasse ded krânse mei Anouk Smink fan Makkum. Yn de B-klasse wie der in 1e priis yn de herkansing foar Machtelt Veltman en Anna Joostema, Berltsum.

 

 


 

Sneon 8 juny

 

Morra-Lioessens – Manlju haadklasse útnoeging 

20130608 Morra HKH 1e

Jelte-Pieter Dijkstra, Teake Triemstra en Hans Wassenaar winne de finale fan Peter van Zuiden, Folkert v.d. Wei en Pier Piersma 5-1:6-6 yn Morra.

 

 

Tsjummearum – Manlju 1e klasse útnoeging

 

Jelte Pieter syn maat Sjoerd de Jong wint ek de 1e priis mei Michiel Scheepvaart en Jouke Bosje. Yn de finale winne se fan 5-3:6-6. Der is in 3e priis foar Dirk-Yde Sjaarda mei Jacob Klaas Haitsma en Tjibbe Hansma. Hja ferlearen fan Sjoerd endy mei 5-3:6-2.

 

Tsjummearum – Manlju 2e klasse útnoeging

 

Bauke Dijkstra wint de 2e priis mei Age-Anne Posthumus en Arjen van der Zee. De finale ferlieze se mei 5-3:6-4.

 

 

Hartwerd – Famkes ôfdieling en t.i.l.

20130608 Hartwerd Famkestil

Yn de ôfdielingswedstriid ferliest Easterein (Baukje Terpstra, Dian Dijkstra en Nyncke Pytsje Terpstra) it fan Berltsum. Yn de t.i.l.-wedstriid is de krânse foar Dian Dijkstra mei Louise Krol, Ie en Anne Niene Bergsma, Minnertsgea. Der wie in 2e priis foar: Nyncke Pytsje Terpstra mei Sandra Hofstra, Wjelsryp en Everdyna de Haan.

 

 

Burgum – Welpenfamkes t.i.l. 

20130608 Burgum welpenfamkes

In twadde priis yn de ferliezersronde foar Nynke Paauw mei Karin Polstra, Menaam.

 

 


Freed 7 juny

20130607 Stiens-2epriis SietskeImke1 

Yn Stiens wienen freed de Haadklasse froulju útnoegings wedstriid. Sa’n 150 taskôgers seagen der de finale dêr’t Sietske Okkema en Imke vd Leest yn stienen mei Wiljo Sybrandy. Se winne de 2e priis nei ferlies mei 5-2:6-6.

20130607 Stiens-3epriis Anke 

Der is in 3e priis foar Anke Marije Pompstra mei Maaike Osinga en Iris vd Veen.

 


Woansdei 5 juny

 

Foar de jongerein wie der de Sandstrapartij foar de juegd fan 6-16 jier.

 

FERSLACH en FOTO’s

 

FOTO’s HENK BOOTSMA