Skip to content

Der is ôfrûne wykein wer om raak keatst. Hjirby wer ús wyklikse keats-update.

Sneon 30 juny: NK pupillen famkes
Liset Sijbesma, Fianne Dijkstra en Brecht Stegenga kamen ôfrûne sneon út foar Easterein op harren bûnspartij. Yn de earste omloop waard mei dikke sifers wûn fan it partoer fan Berltsum (5-0). Yn de twadde omloop wie it partoer fan Ie efkes in maatsje te grut (5-0), mar se ha tige goed harren bêst dien. Nei de tiid binne se noch efkes mei harren coach by de McDonald’s west en by it earste klasse keatsen yn Winaam (gjin Eastereiner sukses). In moaie dei fuort dus!

NK pupillen famkes 2018

Snein 1 july: froulju earste klasse f.f.
Yn Menaam keatsten de froulju earste klasse in frije formaasje wedstriid. In moaie 2e priis wie dêr foar de formaasje fan Jeska Terpstra, mei Jennie Terpstra en Jildou Sweering. Ek wie der in tredde priis foar Sietske Okkema (gjin foto).

Jeska 1

Snein 1 july: famkes A-klasse t.i.l.
De famkes keatsten snein in t.i.l. partij yn Stiens. De krânse wie dêr foar it partoer fan Selma de Boer. In twadde priis wie der foar Roelie Kroondijk en har maten.

Selma de Boer

Roelie 3

Snein 1 july: froulju haadklasse f.f.
Yn Baard wie der in tredde priis foar Martine Tiemersma mei har maten Marije van der Meer en Annelien Broersma (gjin foto).

 

Back To Top