Ôfrûne wykein binne der yn fjouwer plakken prizen binne helle troch Eastereiners. Nijsgjirrich nei de útslaggen? Lês dan gau fierder!
14 july, federaasje wedstriid jeugd.
Yn ‘de woestijn’ fan Hommerts is der in federaasje wedstriid organisearre foar de jeugd. Liset Sijbesma kaam dêr wei fersierd mei de krânse.
15 july, froulju 1e klasse frije formaasje.
Yn Goaiinggea wie der in frije formaasje wedstriid foar de earste klasse. Dêr binne de measte prizen binnen helle dit wykein. Corrie Kroondijk wist dêr de 2e priis yn de herkânsingsrûnte te winnen. Sy ferlear dizze herkânsingsfinale fan Jeska Terpstra. Jeska pakte mei har maten dus de 1e priis yn de herkânsingsrûnte.
Sietske Okkema stie yn de finale fan de winners en ferlear dat helaas mei 5-5- 6-6. Dêrmei pakte se wol de twadde priis.
15 july, 50+ troch inoar lotsjen.
Yn Hurdegaryp fûn Roel Sybesma it nedich om it de oaren yn de A-klasse wer lestich te meitsjen. Hy wûn dan ek en kaam mei de krânse thús (gjin foto).
16 july, froulju 1e klasse troch inoar lotsjen.
Op de tradysjonele ‘palingpartij’ yn Makkum gong de striid om de iel yn de finale fan de froulju tusken de susters Kroondijk. De krânse wie foar Roelie en in moaie twadde priis foar Corrie. Lekker ite! In twadde priis yn de ferliezersronde wie der foar Baukje Terpstra mei har maten.
Fan herte lokwinske allegearre!