It seizoen rint hast op syn ein en dat betsjut ek dat dit miskien wol de lêste Keatskes binne fan 2018. Takom wykein stean der noch in pear partijen op it programma. Hjir yn Easterein ha we ús slotpartij en in ôfslútende barbecue. Ferjit net om jim op te jaan by Romine fia opjefte@kfeasterein.nl. Allinich bbq’e kin fansels ek.
Sneon 8 septimber
Froulju haadklasse t.i.l. yn Marsum
Foar Tineke wie der in 2e priis mei har maten Marrit Zeinstra en Maaike Osinga. Yn de finale tsjin Nynke Sijbrandij, Marte Altenburg en Manon Scheepstra koenen se it net risse. It waard in spannende partij dy eindige yn 5-4 6-0.
Manlju 50+ t.i.l. yn Goutum
Ype Tiemersma wûn dêr in moaie 3e priis yn de B-klasse (gjin foto).
Snein 9 septimber
Famkes t.i.l. yn Workum
Yn de A-klasse wie der in 2e priis foar Roelie en Corrie mei Naomi Wiersma. Troch dit resultaat hat Corrie it jierklassemint wûn by de famkes. Ek Roelie en Selma binne heech eindige. Sjoch hjir.