Skip to content

 

De wike fan de ACHTSTE Jong-Feinte, fan de earste keatsoff foar de PC en fan de generale haadklasse wedstriden foar de PC fan de manlju. Sawol op sneon yn Seisbierum as snein yn Arum tagelyk mei de froulju haadklasse.

 

WOANSDEI 25 july

 

KNKB

 

Easterein – Jong-Feinte

 

De 8e edysje fan de Jong-Feintepartij wie wer in sukses. Prachtich, moaie wedstriden, moaie winners en prima organisaasje mei tank oan al ús trouwe frijwilligers! Ferslach en útslaggen folgje yn de rin fan de wike…

Sjoch by Jong-Feinte.

 

 

Balk – 55+ PC

 

Tagelyk mei de Jong-Feinte (net neffens de ôfspraken fan 2005) wie de 55+ PC yn Balk. OP dizze wedstriid wint Sipke Hiemstra in 6e priis yn de A-klasse. Doe hy werom kaam yn Easterein hie hyr in prachtich klokje yn’e hânnen.

 

 

TONGERSDEI 26 july

 

PC – ‘keatsoff’

 

Bauke Dijkstra stie mei Redmer Strikwerda en Feike Broersma op de 1e keatsoff foar in ‘wildcard’ op de PC. De 1e omloop winne Bauke en syn maten fan Pieter Sijberen Scharringa, Gerrit Meijer en Dennis Wijnjeterp, 5-5:6-0.

 

Yn de finale komme se op 2-4:6-6 foar, mar de opslach fan Pieter Vogels wurdt troch Bauke kwea slein. Dêrnei pakt it partoer fan Pieter Vogels, Jan Sjoerd Tolsma en Steven de Bruin 3x it earst op 6-6 en steane Bauke endy 5-4 efter. Mar it wurdt doch 5-5, mar op 6-2 slacht Jan Sjoerd de bal boppe. Eilaas, gjin pc debút foar Bauke Dijkstra.

 

 

SNEON 28 july

 

KNKB

 

Seisbierrum – haadklasse manlju en froulju

 

By de manlju wit Jelte Pieter Dijkstra mei Erik Haitsma en Peter de Boer de 1e wedstriid te winnen fan Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden, 5-5:6-0. Dêrnei wurdt ferlern fan de winners fan de dei, Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema.

 

20120728 Seisbierum 

By de froulju makket Tineke Dijkstra har debút op de haadklasse mei Judy Bergsma en Marije vd Meer. Yn de 1e omloop begjinne se goed mar ferlieze mei 3-5:0-6 fan Joukje Kuperus, Feikje Bouwhuis en Harmke Siegersma. Dit partoer wint de 3e priis troch te winnen fan Marije, Imke en Aukje, 5-5:6-0.

 

Marije Hiemstra, Imke vd Leest mei Aukje van Kuiken winne ienfâldich fan de suskes Sybrandy en Maaike Osinga, 0-5:0-6. Mar krije dêrnei klop fan Sanne Velsma, Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra, 0-5:4-6. De 1e omloop hie Anke Marije en har maten it wûn fan Nelie Steenstra, Martine Tiemersma en Margriet Bakker mei 2-5:4-6.

 

Yn de finale koenen Anke Marije endy it net risse tsjin Lisette Wagenaar, Leonie de Graaf en Fenna Zeinstra, 5-0:6-4. Mei de nije opslagger Sanne Velsma (foar Ilse Noorman) waard foar it earst dit seizoen de finale fan de haadklasse helle.

 

 

Wiuwert-Britswert – Manlju 1e klasse frije formaasje

 

Dirk Yde Sjaarda, Hendrik Bouwhuis en Jouke Bosje winne de 3e priis op dizze partij.

 

 

Ysbrechtum – Famkes A+B

 

Yn de B-klasse wienen de prizen foar Dian Dijkstra mei Anne Monfils en Lisanne Folkertsma (2e priis) en foar Hester Kingma en Margaretha Terpstra mei Ilse Ijzenga (2e priis herkansing)

 

 

SNEIN 29 july

 

KNKB

 

Arum – haadklasse manlju en froulju frije formaasje

Fan Easterein mar leafst 7 keaters en keatsers op de haadklassewedstriid yn Arum. By de manlju binne dat Dirk Yde Sjaarda, Jelte Pieter Dijkstra en Bauke Dijkstra. Dirk-Yde mei Hendrik Bouwhuis en Jouke Bosje winne mei 5-1:6-4 fan Jelte Pieter mei Erik Haitsma en Peter de Boer, mar ferlieze dêrnei mei 5-3:6-4 fan Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden dy’t de earste omloop wûnen fan Redmer Strikwerda, Feiko Broersma en Bauke Dijkstra (5-4:6-4).

 

20120729 Arum_HaadklasseFroulju 

By de froulju ferlieze Marije Hiemstra en Imke vd Leest mei Aukje van Kuiken de 1e omloop fan Lisette Wagenaar, Leonie vd Graaf en Fenna Zeinstra. Anke Marije Pompstra wint met Sanne Velsma en Mariska Hoogland fan de suskes Sybrandy en Maaike Osinga, 5-5:6-6 en ferlieze de heale finale fan Lisette cs met 5-3:6-4 en ferlieze letter ek de striid om de 3e priis fan Martine Tiemersma mei Nelie Steenstra en Margriet Bakker, 5-1:6-4. Martine endy wûnen de 1e omloop mei 5-4:6-6 fan Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer. Fan Iris vd Veen cs wordt met 5-1:6-2 ferlern.

 

 

Holwert – Frouljue 1e klasse frije formaasje

Tineke Dijkstra, Judy Bergsma en Marije van der Meer stienen yn de finale en ferlearen dat krekt (5-5:6-2) fan it ferrassende partoer fan Nynke Sinnema, Mirjam Beeksma en Rixt Bijlsma.

20120729 Holwert_Froulju1eklasse

 

 

St Anne – Famkes ôfdieling en t.i.l.

20120729 StAnneFamkestil

Yn de t.i.l. wedstriid is de krânse foar Dian Dijkstra mei Ilse Tuinenga, Berltsum en Mintje Meintema, Dronryp. Der wie in 3e priis foar Regien Sandstra en Gerry Edou Mollema mei Sigrid de Jong fan Wolsum.

 

 

Letter mear…

 

Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nl

Back To Top