Yn de lêste nijsberjochten oer de wedstriden op de keatsfjilden prate we fan ‘Keatswike’ ynstee fan ‘Keatswykein’. EK troch de wike binne der allegear keatsaktiviteiten. Sa begjint dizze ‘Keatswike’ mei de wedstriid foar 1e klassers yn Wier.
Sneon ha we it Nederlânsk Kampioenskip foar 50+. Der sille Roel Sijbesma, Sipke Hiemstra en Tjerk Okkema de feriening fertsjintwurdigje. Der binne 20 partoeren en se moatte as partoer 1 daliks los tsjin Goutum.
In soad sukses!!
WOANSDEI 4 JULY
KNKB
Wier – Manlju 1e klasse útnoeging
Yn Wier wint Bauke Dijkstra mei Pieter Bakker en Karel Nijman de tradisjonele útnoegingswedstriid foar manlju earste klasse. Yn de finale winne se mei 5-3:6-4 te fan Menno van Zwieten, Hendrik-Jan van der Velde en Sjoerd de Jong.
FREED 6 JULY
Federaasje
Ysbrechtum – jongerein federaasje
Jorrit Veldman wint in 1e priis yn de herkansing bij de skoalbern mei Johannes Reiker en Geke Posthuma.
KNKB
Boalsert – Froulju haadklasse útnoeging
Marije Hiemstra kaam yn de finale mei Mariska Hoogland fan Bitgumermole en Harmke Siegersma fan Berltsum. Se nimme it op tsjin Anke Marije Pompstra mei Nelie Steenstra fan Bitgum en Feikje Bouwhuis fan Boalsert.
Nei spullen gelyk rinne Anke Marije c.s. út nei 4-2. Dan wuirdt it 4-3, mar de 5 earsten wurde ek pakt troch Nelie, Feikje en Anke Marije. It wurdt doch noch 5-5, in prachtige spannende finale fan dizze nije generaasje keatsters! OP 5-5:6-2 giet de winst doch nei Nelie, Feikje en Anke Marije. De twadde priis dus is foar Marije, Mariska en Harmke.
Marije c.s. wûnen de 1e omloop fan Nynke Sybrandy, Imke vd Leest en Bianca vd Veen mei 5-1. De heale finale waard wûn fan Evelien Westra, Leonie vd Graaf en Manon Scheepstra mei 5-4:6-0.
Anke Marije c.s. wûnen de 1e omloop fan Joukje Couperus, Romy vd Veen en de bylotte Bianca vd Veen mei 5-2:6-0. En de heale finale wûnen se fan Sanne Velsma, Margriet Bakker en Maaike Osinga mei 5-2:6-4.
Hearrenfean – Manlju haadklasse útnoeging
Jelte Pieter Dijkstra ferliest de 1e omloop mei Michel vd Veen en Alle Jan Anema fan Gert-Anne vd Bos, Rense Hiemstra en Daniel Iseger, 3-5:6-6
SNEON 7 JULY
FERIENING
Easterein – Bosdpartij
Sneon wie de Bos-partij yn Easterein foar de jongerein. Der wienen 8 partoeren kabouters, 4 partoeren welpen (3x keatse) en 4 partoeren pupillen (ek 3x keatse).
De krânsen wienen foar Niels Janssen en Arjen Stremler (kabouters), Machtelt Veltman, Amber Reijnhoudt en Marrit Hiemstra (welpen) en foar Jildou Couperus en Margriet Jellema (pupillen).
Ferslach stiet ûnder Wedstriidynformaasje, utslaggen, leden
KNKB
St Nyk – NK 50+
Roel Sijbesma, Sipke Hiemstra en Tjerk Okkema stienen foar Easterein op de list by it Nederlânsk Kampioenskip 50+. Wer we in onatla jierren sukses hienen, der kamen we no net fierder dan de 1e omloop. Der wurdt mei 4-5:0-6 ferlern fan Goutum. Dit jier dus gjin optocht fan Easteiners nei St Nyk.
Hallum – froulju 1e klase t.i.l.
Yn Hallum wint Sietske Okkema de 2e priis mei Freerkje Walsma en Margriet Bakker. Yn de herkansing prizen foar Tineke Dijkstra mei Marike Beckers en Bianca van der Veen, 1e priis en foar Martine Tiemersma mei Ilse Noorman en Miranda Scheffer, 2e priis.
Niawier/Metslawier – jonges A+B
Remon Tie Bouma wint de 2e priis mei Frans Dooper en Jesse Kemper. Se ferlieze de finale mei 5–3:6–2.
Hallum – famkes frije formaasje
Gerry Edou Mollema wint de 2e priis yn de herkansing mei SIgrid de Jong en Anne Berber Zeinstra.
Skettens – pupillenfamkes A+B
Yn Skettens in dûbelslach! Yn de A-klasse wint Jeska Terpstra de krânse mei Selma van der Molen fan Wytmarsum. Yn de B-klasse wint Selma de Boer de krânse mei Hester Zijlstra fan Berltsum.
Ysbrechtum – welpenfamkes
Roelie Kroondijk wint mei Fiera de Vries de krânsen yn Ysbrechtum. Yn de earste omloop moasten de sukses (Roelie en Corrie) tsjin inoar.
SNEIN 8 JULY
KNKB
Boalsert – haadklasse manlju frije formaasje
Dirk Yde Sjaarda wint de 3e priis mei Hendrik Bouwhuis en Jouke Bosje. Hja ferlieze de heale finale mei 5-1:6-6 fan de formaasje Jan Dirk de Groot c.s.
Wommels – Froulju haadklasse ôdieling
Op dizze ‘generale’ foar it Nederlânsk Kampioenskip koenen de froulju fan Easterein net sjen litte wêr hja ta yn staat binne. Easterein 1 mei Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Anke Marije Pompstra komme 3-0 efter tsjin Grou. Dat helje se op oant 4-4, mar dêrnei wurdt it fuortjoen. In oantal opslachmissers en taktysk sjoen net altyd like handich keatst tsjin de erfaring (Afke Hylkema en Debora Oosterman) fan Grou. Mar dy wiisheid wurdt fêst meinaam nei it NK takome wike!
Easterein 2 mei Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Jelien Pompstra hienen yn it lêste earst noch wol kâns (5-0:6-6) op in buordsje, mar dat slagge net tsjin Boalsert.
Kimswert – pupillenfamkes A+B
De sneons wûn Jeska Terpstra de A-klasse mei Selma vd Molen. Snein waard se twadde mei Rixt Wijnia.
Yn de B-klasse wienen der trije prizen yn de herkansing. De finale gie tusken Geanne Faber Faber (Aum) & Mirjam Punter tsjin Anne-Baukje Bloem (Reduzum) & Selma de Boer. Dat waard wûn troch ….
En foar Alien Dijkstra mei Jellie de Jong de 3e priis.