Keatswykein 14 en 15 july

It wykein fan de 34ste Okkemapartij yn Easterein en fansels de Nederlânske Kampioenskippen foar froulju, skoaljonges en skoalfamkes. Wie der in sukses? En snein ferskate oare partijen lykas in ôfdielingswedstriid foar welpen.

 

SNEON 14 JULY

 

FEDERAASJE

 

34ste Okkemapartij

20120714 Okkemapartij4

Al 34 jier is Leanbedriuw Okkema stiper fan dizze federaasjepartij. Dit jier mochten fan alle federaasje yn en bûten Fryslân partoeren meidwaan oan de wedstriid. It ferslach, útslach en foto’s fine jimme HJIR

 

 

KNKB

 

Nederlânske kampioenskippen

FROULJU

Yn Grou stienen 26 partoeren p de list en Easterein, mei coach Anco Elgersma en de keatsters Marije iemstra, Imke vd Leest en Anke Marije Pompstra begûnen de dei tsjin Grins. En at gie muoisum, want alle trije sieten de froulju noch net lekker yn harren spul en in soad earsten op 6-6. It gelok wie mear mei ús, want we wûnen dizze partij ei 3-5:2-6.

 

Dêrnei tsjin Bitgum en dat gie l stikken better. De opslach fan Marije en Imke rûn al better en ek it perk raaide goed. Ek yn dizze wedstriid in soad 6-6, mar de oerwinning fan 5-1:6-6 ie dúdlik en de fertsjinste fan it teamwurk yn dizze partij.

 

Dat soe tsjin Boazum wer oars wêze. Dêr’t Boazum hiel goed yn de gaten hie wêr ’t om giet, dêr begûn Easterein te maklik oan dizze partij mei as resultaat samar in 0-3 efterstân. De wedstriid siet fol emoasje, foaral op it momint dat in karmaster in beslút naam, ûntrjochte, en dat de wedstriid dêrnei sa goed as oer wie. It gedrach fan Boazum hie syn wurk dien, en we ferlieze ússels en de wedstriid, 2-5:4-6.

 

Nei de Jong-Famme no ek gjin priis op it NK foar froulju. Marije en Anke Marije ha sûnt de pupillen al tegearre yn in ôfdielingspartoer keatst en yn 2007 wûnen se mei Jildou de Ald-Meiers. Dit jier leinen der kânsen om noch twa haadprizen te winnen, mar dat slagge eilaas net.

 

Lokwinsken oan Berltsum mei Ilse Tuinenga, Leonie vd Graaf en Harmke Siegersma met it beheljen fan it Nederlânsk kampioenskip

Ferslach, útslach en fideo (bron: KNKB.nl)

 

 

SKOALFAMKES

De skoalfamkes Baukje Terpstra, Janieke Dijkstra en Jeska Terpstra mei coach …? moasten it de 1e omloop yn Wommels opnimme tsjin it sterke Mantgum. Mar ferrassend en goed keatsend winne de meiden fan Easterein fan Mantgum mei mar leafst 2-5:4-6.

 

Eilaas giet it yn de twadde omloop mis tsjin Seisbierrum-Pietersbierum, want dy wedstriid wurdt ferlern mei 5-2:6-2 fan Stiens. Stiens wie sterker en we makken sels wat tefolle opslachfouten.

 

 

SNEIN 15 july

 

KNKB

 

Makkum – Jonges ôfdieling en t.i.l.

Yn de ôfdielingswedstriid ferlieze Bote Jellema, Remon Tie Bouma en Doede Rienst Okkema de 1e omloop fan St Jacob. Yn de t.i.l.-wedstriid is de krânse foar Doede Rients Okkema mei Rykhelt Smink en Sander Hoekstra as hja de finale mei 5-4:6-6 winne.

20120715 MakkumJOngesB 

 

Hearrenfean – Famkes ôfdieling en t.i.l.

Trije partoeren fan Easterein op de wedstriidlist fan de famkes ôfdieling en dat is einliks al jierren sa! Easterein 1 mei Margretha en Nycke Pytsje Terpstra en Gerry Edou MOllema ferlieze it fan Wommels. Easterein 2 mei Dian Dijkstra, Jitske Veldman en Arjanne Schaafsma ferlieze fan Stiens. En Easterein 3 mei Hester Kingma en Regien Sandstra ferlieze fan Dronryp 2.

20120715 HearrenfeanFamkesB 

Yn de t.i.l.-wedstriid is de krânse foar Arjanne Schaafsma emi Louise Krol en Cyntha Bouma. Der is in 3e priis foar Regine Sandstra mei Everdyne de Haan en Jildou Sweering.

 

Jirnsum – welpenfamkes ôfdieling 

De welpenfamkes Nynke Paauw en Roelie en Corrie Kroondijk winne de 1e omloop tsjin Bitgum. Mar dêrnei wurdt ferlern fan Seisbierrum-Pietersbierum, dy’t letter de wedstriid en krânsen winne sille.

 

 

Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nl