KENING OP SOKKEN – de musical

Beste leden,

 

Miskien hawwe jimme op’e dyk al wat heard, as net, mar wy rinne al in lytse 2 jier mei in idee rûn. No’t it idee steeds mear foarm krijt, is it tiid om jimme by te praten oer

                                 

                               ‘KENING OP SOKKEN’

 

Dizze musical is yn 1997 skreaun troch wijlen Rients Gratema, ta gelegenheid fan it 100-jierrich bestean fan de keatsbûn (KNKB)*.

Doe dienen de 15-jierrige Eastereiners Tsjerkje Posthumus en Dirk-Yde Sjaarda oan dizze musical mei.

No’t yn 2019 Keatsferiening Easterein 115 jier bestiet, fine we it in moaie gelegenheid om dizze musical nei 22 jier yn Easterein op te fieren.

 

De tariedings binne ein 2016 al yn gong setten. We ha it skript fan wijlen Rients Gratama krigen en Lodewijk Riedhorst is as regisseur oanlutsen. Ja en dan wurdt it echt. En moatte je op syk nei spilers, koarleden en minsken foar de muzyk. Yn Easterein sitte fansels hiele goeie spilers en yn oerlis mei de tonielferiening meie wy in pear liene.

Fansels moatte der ek in oantal aktive keatsleafhawwers mei dwaan, want ja, it stik giet oer it keatsen en Easterein. Bysûnder is dat Dirk Yde Sjaarda nei 22 jier net lytse Jelle spilet, mar no de haadrol as grutte Jelle fertolkje sil.

 

In musical hat fansels ek muzyk nedich. Mei in lyts koar en live muzikale begelieding wurde der 13 ferskes ten gehoare brocht.

 

Efkes yn it koart wêr it stik oer giet: it spilet him rûn 1900 ôf en giet oer keatsen en de leafde. Jelle is in earme arbeiderssoan en hat 2 dreamen; it heechste plak yn de keatserij en syn freondintsje Aaltsje. Mar sy is in ryke boeredochter. Soe it wol wat wurde meie?

 

Dit foarmet de reade tried fan it ferhaal. Hjirneist binne der ek útstapkes nei de aktualiteit, ynspirearre op Easterein, har ynwenners en de leden fan Keatsferiening Easterein.

 

Yn novimber geane de repetysjes fan start, sadat wy yn it Himelfeartswykein fan 2019 in pear prachtige foarstellings foar jimme delsette kinne.

Begjin takom jier starte we mei de foarferkeap. Jimme kinne dan kieze út de folgende data:

 

                      -Woansdei 29 maaie   (generale repetysje)

                      -Freed 31 maaie              (premjêre)

                       -Sneon 1 juny

                      -Snein 2 juny                      (matinee-foarstelling)

 

We hoopje fansels dat jimme like entûsjast binne as ús en dat we jimme dan moetsje meie tidens 1 fan dizze 4 foarstellings yn ‘Noflik Easterein’.

 

Hâld de doarpskrante, www.kfeasterein.nl en www.easterein.nl yn de gaten om op’e hichte te bliuwen.

 

Groet,

Mattie Dijkstra, Wilma Sjaarda, Wiepkje Hiemstra, Karin Sjaarda en Tettje de Boer

 

*Muzyk: Peter Sijbenga en Addy Scheele.

Ynspirearre op de boeken ‘Jelle fan Sipkes- Froukje’ fan Nynke fan Hichtum en ‘Kening op Sokken’ fan Hylke Speerstra.