Skip to content

Ferslach Kenigsdeipartij 26-04-2025

 De kop is der wer ôf: wat in moaie ôftraap fan it seizoen! Alle yngrediïnten

wiene oanwêzich foar in prachtige keatsdei: sinne, rûn de 20 graden en in bytsje wyn. De stramme spieren waarden fansels wol op de proef stelt mar moai om elts wer mei nocht en wille op it fjild te sjen.

Foar it earst wie de dei hjoed hielendal yn gearwurking mei de Oranjeferiening. Ynstek wie om elts 3 x keatse te litten. Hjir moast by de manlju efkes yn puzzele wurde. Lokkich wie Judy sa sportyf om by de manlju mei te dwaan en koe elts 3 omlopen keatse.

De priiswinners fan hjoed:

Froulju

1e priis: Jitske Plantinga en Brecht Stegenga (21 foar)

2e priis: Froukje Dijkstra en Dieuwke Kooistra (15 foar)

De manlju (mei ien frou) makken der in spannende striid fan. Tot de 3e list wiene der noch 4  partoer yn de race foar de krânsen. Troch it lot wiene se tafalligerwiis oanmekoar koppele yn de lêste omloop en waard it in spannende striid wa’t der mei de hage fan troch gie.

Manlju:

1e priis: Redmer Stegenga en Binne Tuinstra (21 foar/8 tsjin)

2e priis: Gert-Jan Hiemstra, Hendrik Okkema en Mebius de Boer (21 foar/11 tsjin)

3e priis: Simon Kingma en Tom Couperus (17 foar/11 tsjin)

4e priis: Hendrik Kuiper, Judy Bergsma en Paul de Bruin (16 foar/14 tsjin)

Back To Top