KFE: Keatskamp yn Easterein!

Flagge KFEasterein

Foar it earst keatskamp KF Easterein sûnt 1904!

 

 

It moast der mar ris fan komme fûnen wy yn Easterein: in keatskamp foar de jeugd. Foarhinne is it yn oare doarpen en by de KNKB ek al sjen litten, en dit jier giet it by de keatsferiening ek hinne.

 

 

Yn kombinaasje mei it 110-jierich lustrum is it foar ús in moai momint om hjir mei te starten.

By de keatsferieniging wolle we graach mear jeugd oanlûke en dêrnei fansels behâlde. 

We hoopje dat it kamp hjir oan bydrage sil.

 

 

Foar bern fan ôf de kabouters oant de skoaljeugd is it mooglik om fan woansdei 30 april oant freed 1 maaie mei te dwaan. We sil besykje learsume en oantreklike trainingen ôf te wikseljen mei ûntspanning en wille.

 

Foar kabouters ha wy besluten se net oernachtsjen te litten yn de Skoalleseize en foar de jongsten litte we dizze kar by de âlders sels at se ien of beide nachten oanwêzich binne.

 

 

We ha mei in soad nocht en wille oan de tarieding wurke en hoopje dit gefoel by it kamp ek by de bern en âlders oer te bringen. Ek nijsgjirrich? Graach sjogge we jim dan! 

 

Bauke, Marije, Pytrik en Imke