Utnoeging neijiersgearkomste Leden KF Easterein
Bêste minsken,
Wy wolle jimme fan herte útnoegje foar de neijiersgearkomste fan Keatsferiening Easterein.
Op dizze jûn wolle wy graach mei jimme werom sjen op it ôfrûne jier en ús plannen foar it kommende keatsseizoen beprate. Alders fan ús jongereinleden binne ek fan herte wolkom.
De gearkomste sil plakfine op woansdei 16 novimber 2016 om 20.00 oere yn “De Skoalleseize”.
Wurklist
1. Iepening
2. Meidielings en ynkommen stikken
3. Oantekens foarjiersgearkomste fan 23 maart 2016
4. Ferslach regioleden-beried KNKB
5. Meidielings neijiersgearkomste Federaasje Snits fan 31-10-2016
6. Hichtepunten 2016
7. Skoft
8. Bestjoersferkiezing:
Foardracht fakatuere algemien bestjoerslid: Wiepkje Hiemstra
9. Punten fan út it bestjoer, ûnder oare:
– ûntwikkelings sportkompleks “De Skoalleseize”
– fakatueres: stân fan saken
10. Jildsaken: begrutting en kontribúsje 2017 fêststelle
11. Utrikking prizen kompetysjekeatsen senioaren
12. Keats(t)er fan it jier
13. Omfreegjen
14. Sluting
Graach oant sjen op 16 novimber.
KF Easterein