Nij foarsittersduo foar keatsferiening Easterein
Nei in jier ‘foarsitterleas’ west te ha, hat keatsferiening Easterein Dirk-Yde Sjaarda en Mattie Dijkstra-van de Meulen ree fûn om it foarsitterskip tegearre op harren te nimmen.
Yn dizze konstruksje sil Dirk-Yde foarsitter wêze en Mattie fise-foarsitter. Sy sille fuortendaliks sit nimme yn it haadbestjoer.
Foar in duo-foarsitterskip is keazen sadat Dirk-Yde simmers sels aktyf op de keatsfjilden bliuwe kin en Mattie dan de foarsitterstaken wiernimme sil.
Wy binne fansels tige wiis mei it feit dat we no wer in folslein bestjoer hawwe en hoopje der in sportyf en suksesfol keatsjier fan te meitsjen!
Bestjoer keatsferiening Easterein
Dirk-Yde sil no EK foar bêst opslaan by keatsferiening Easterein!
Mattie Dijkstra wit al aardich wat it is om foarsitter fan keatsferiening Easterein te wêzen, man Tjeerd al ek jierren foarsitter west. Mattie hat earder ek al ynterim-bestjoerslid west en yn ferskillende kommisjes aktyf west.