Woansdei 21 novimber wie de neijiersgearkomste fan KF Easterein.
(Foto’s en filmke: Anke Marije)
It wie de jûn fan de huldiging fan it ‘partoer’ mei Marije Hiemstra (winner frouljus PC), Imke vd Leest (winner frouljus PC) en Bauke Dijkstra (wrâldkampioen Llargues)
Dit ‘partoer’ winners waard ek nochris yn it sintsje setten troch boargemaster Johanneke Liemburg, dy’t dêrfoar spesjaal nei dizze gearkomste kaam wie.
It bestjoer krige as tank foar de huldiging en it feetsje daliks op de PC-dei fan Marije en Imke in bedankje yn de foarm fan nij trainingsmateriaal!
En dat moat fanels demonstrearre wurde troch de froulju sels en dêrnei it folsleine bestjoer. In moaie ynteraktive gearkomste.
Sjoch it filmke op it Youtube kanaal fan KF Easterein of klik hjirneist op it filmke.
KF Easterein-bestjoer yn beweging
Keatser fan it jier
Bauke Dijkstra waard keatser fan it jier 2012. Hy krige út hânnen fan nicht Martine (keatster fan it jier 2011) de wikselpriis oerlange.
Bauke krige de titel keatser fan it jier foar syn bydrage oan de keatssport yn Easterein. Hast op elk mêd is hy wol dwaande foar de keatsferiening. Sawol op de fjilden yn Easterein mei allegear frijwilligerswurk as bûten Easterein op foaral de Manlju 1e klas wedstriden en ôfdielingswedstriden.
Hichtepunt foar Bauke en ek foar keatsferiening Easterein, is dat Bauke tidens it wrâldkampioenskip keatsen yn 2012 yn Frjentsjer wrâldkampioen waard yn de spulfoarm Llargues. Mei yn syn team (oare) grutte nammen fan de keatswrâld, te witten Johan vd Meulen, Hendrik Tolsma, Teake Triemstra, Renze Pieter Hiemstra, Marten Feenstra, Pier Piersma
Bauke Dijkstra – keatser fan it jier (Ype Tiemersma)
We ha in wrâldkampieon yn ús fermidden, en dat wolle we graach witte litte as keatsferiening Easterein. In jongekeardel dy’t in soad oer hat foar de keatssport yn it algemien. In super frijwilliger, dy’t net te beroerd is, op wat fan mêd dan ek, de keatsferiening te helpen. In jonge trainer, dy’t yn de seal en op it fjild, syn plakje mear dan skjin makket. In keatsleafhawwer yn ieren en sinnen. In jongkeardel wat it wurd “nee” hast net sizze kin, Eastereinder “knuffelbeer” nûmer ien.
Bauke, wy binne tige bliid en grutsk wat asto wer werom dochst foar de keatsferiening. Keatse op ôfdielingswedstriden, nea te beroerd om de feriening út eigen doarp heech te hâlden. Trainen jaan oan de jeugdleden fan Easterein, ek net te beroerd as dêr bern fan oare keatsferienings by binne.
Yn kommisjes sitte, bygelyks materialen en fjilden kommisje. Ik lieuw fest dat der nochris in oare kommisje gebrûk fan dy meitsje wol, en sa as ik al sei nee sizze leit dy net sa maklik. Wy hoopje dasto ea de stap makkest om yn it haadbestjoer oan te skowen . Earst noch mar wat jierkes keatse, tinkt my sa ta.
Ek as frijwilliger bist faaks op it fjild te finen. Perken lizze, karmasterje, in pracht “arena”oanlizze mei de Jong Feinte Party en sels it kratsje bier boargemaster meitsje kost gjin muoite. Do soest yn dit gefal ek ris nee sizze kinne, mar ek dan……
Bauke, dit jier wer gjin PC. Ek de kick-off koe jimme net redde, in swiere teloarstelling fansels. Mar moast mar sa tinke oan de earste kick-off fan de PC ha “ik” meidien en dat kinne dy net in soad neifertelle.Bauke, do bist ek net altiid like lokkich mei it stellen fan it partoer. It giet dy om’t winnen, mar ek de nocht en de wille binne tige wichtich foar dy. Hurder wurde miskien.
Tsjin goeie freonen in kear “ja” sizze, ik keats net mei dy. Ik woe hjir mar mei oanjaan dasto dit jier op de earste klasse frije formaasje wedstriden yn kear de twadde priis helle hast. Fierders op de útnoegingswedstriden giet it better. Twa twadde prizen yn Stiens en Winaam, en de krânse yn Wier. Bauke do bist noch jong en dyn liif op it sterkst fan dyn libben, we prate ôf dasto krekt as dyn broerke en suske de PC nochris keatse silst.
Bauke, wrâldkampieon Llargeus, dat kinne net wolle minsken dy neisizze.Ynternasjonaal, neist Teake Triemstra, Johan van der Meulen, Marten Feenstra,Renze Pieter Hiemstra, Hendrik Tolsma en Pier Piersma. Grutte namen wersto eartiids in hantekening fan fregest, en no joust sels oan lytse keatsleafhawwers in krabbeltsje. In spultsje wat dy leit, tuskenspul, minsken ticht op it fjild, aksje en reäksje. We ha it meibelibbe hjir yn ús eigen Easterein. Oerwinnings op Meksiko en Frankryk en do meist ek noch efkes meidwaan op it nije MFT. Dernei giet it sirkus nei Frjentsjer. In oerwinning op Ecuador en jimme stean yn de finale. De finale is tsjin Kolombia, de ferassing fan it toernooi, mar de sifers sizze genoch in 10-1 oerwinning.
De moaie wurden fan foarsitter Germ Kooistra foar it ‘partoer’
Ja, en dan de huldiging fan de winners fan de froulju’s PC. Graach nei foaren
komme!
No is it sa dat dit net de earste kear is dat jim foar dit sukses yn ’t sintsje setten binne. Op it fjild, fuort nei de wedstriid, jûns hjir yn de Skoalleseize en 19 oktober yn Ie. Dus feestjes genôch hân, soe ‘k sizze. Mar it is en bliuwt fansels in prachtige prestaasje. Ien wer ’t we allegearre net op rekkene hiene. En dat makket it krekt sa moai! Fansels in moai lot, it klonk sa goed; twa omlopen winne en we stean yn de finale. En dat slagge!
1e omloop tsjin Ilse Noorman, Anke Winkel en Bianca vd Veen waard it 5-2:6-6. Yn de twadde omloop hienen se it doch wol efkes dreech tsjin it dappere partoer fan Marie Jetske Lettinga, Klasine Huistra en Geke de Boer, 5-3:6-2. En sa yn de finale.
De tsjinstanner yn de finale wie it partoer fan Nynke Sybrandy, Maaike Osinga en Wiljo Sybrandy. Dizze froulju hienen aardich foarwurk foar jimme dien troch yn de 1e omloop te winnen fan Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer, 1-5:0-6.
Mar foaral ek troch yn de 2e omloop de kânshawwers Iris v.d. Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra mei 1-5:6-6 te ferslaan. In geweldige partij.
Dernei yn de heale finale fersloegen hja it oare kânspartoer fan Harmke Siegersma, Leonie vd Graaf en Fenna Zeinstra mei 5-5:6-2.
Dertroch in partij mear keatst en aardich oan de bak west yn de partijen. In kâns foar jimme en dy ha jim pakt! Doch earst in earst achter mar al gau wer by. Op spullen gelyk kamen de tsjinstanners der net mear oan te pas. In degelike partij mei wikseljen fan opslach en it pakken fan keatsen makken dat jimme de partij winne mei 5-2 6-4. In prestaasje fan formaat. Hjir woene wy fansels noch wol even by stil stean.
Wy fine it machtich dat jimme, mei Aukje fansels, de froulju’s PC wûn ha. Ik bin der grutsk op dat wy as KF no ek froulju yn it sintsje sette kinne om harren prestaasje op PC. Jim binne de alderearste froulju yn de skiednis fan de KF dy’t de PC winne. Dit kinne we wer byskriuwe yn de analen en sa komt Easterein wer yn in nij listje foar. Froulju, fan herte lokwinske. Noch mar ris. Fan ús in oantinken oan dy prachtige keatsdei op woansdei 22 augustus 2012.
In dei om neat te ferjitten.
Bauke Dijkstra wrâldkampioen
Nei de foarige wurden foar dy in hiel oar soarte winst. Mar seker net minder en alhielendal bysûnder. Ha we earst twa froulju byskreaun as earste froulju fan de KF dy’t de PC winne, sa skriuwe we dy no by as alderearste lid (dus as man en frou) dy’t wrâldkampioen is. It moaie derfan is, is dat de basis derfoar yn Easterein lein is.
Op ús nije Llargues fjild op freed 31 augustus. Foar it earst yn gebrûk en dat koe eins net better. Nederlân docht knap saken en wint fan Mexico en Frankryk. Werby’t wat mear tsjinstân fan Frankryk ferwachte waard. Dan is der op sneon de finale poule yn Frjentsjer:
Der winne jimme earst fan Ecuador mei 6-0 en dernei yn de finale tsjin Colombia. Ek dizze partij wurdt mei dikke sifers wûn. 10-1. Mei oermacht neame se dat.
Bauke, do wiest ûnderdiel fan in team fan 21 keatsers en keatsters. De top fan Nederlân. En mei trije gouden en twa sulveren medaljes en ‘overall’ wrâldkampioen, dus de bêste allrounder, de top fan de wrâld. In super prestaasje fan Nederlân, fan Fryslân, dêr ‘st do dyn stien ek oan bydroegen hast. Freed yn de wedstriid tsjin Mexico yn thúsplak Easterein en sneon yn de heale finale tsjin Equador. It liket ús in bysûndere erfaring en wiene der dan ek tige wiis mei dat we dy, en dermei it Nederlânske team, wolkom hjitte mochten yn easterein.
Yn septimber hast mei it Nederlânske team yn Valencia west. Der hiene jimme wat minder sukses mar ek dat liket my in moaie erfaring ta. Do hast der in prachtich ferslach fan skreaun dat stiet op ús site. Dus foar dyjinge dy’t it net lêzen hat.. In tip!
Fan dit plak wol ik dy dermei lokwinskje. In prestaasje, hast it super dien. Wrâldkampioen, dat pakke se dy en dermei ús, neat wer ôf…