KNKB: Easterein wint 4e priis op Bûnspartij 2016

Easterein mei Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer winne in 4e priis op de Bûnspartij (NK Senioaren) yn Frjentsjer!

 

De 1e omloop winne se fan Mantgum mei 2-5:0-6. Dêrnei moatte se tsjin Jelsum/Koarnjum/Britsum en dat wurdt ek wûn mei 5-4:6-2. Dan tsjin Frjentsjer yn de 3e omloop en se winne dat mei 5-3:6-6 en sitte yn de prizen.

Op de 4e list treffe se it sterke St Jabik en dat kinne se net risse en se ferlieze dat mei 5-1:6-6.

St Jabik sil letter ferlieze fan Minnerstgea dýt yn de finale met skjinne 5, skjinne 6 wint fan Grou.

Sjoch foar mear nijs bij: NK Senioaren 2016 op de KNKB site. 

20160516FrjentsjerBûnspartij4e 

Jan Schurer, Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en begeliedster Wilma Sjaarda

Letter mear!