KNKB: Nijs (24-9-2013)

Ferskaat nijs fan de KNKB (Bron: www.knkb.nl)

 

 

Yn it wykein fan 28 en 29 septimber wurdt Azoz yn België de Champions League Llargues spile. Nederlân sil dêr ek meidwaan en as jimme it folgje sille jimme sjen dat de Nederlânske ploech yn de wedstriidshirts fan K.F. Easterein spylje sille! Foar “Easterein” keatse Hendrik Tolsma, Dirk Yde Sjaarda, Jelte Pieter Dijsktra, Hans Wassenaar, Hendrik Kootstra en Bauke Dijkstra.

 20130928 CL Belgie

Foar mear nijs:

www.knkb.nl (Speelschema)

Facebook CIJB

 

 


KNKB Keatsakademie siket skiedrjochters foar it keatsen!

 

Sjoch dit nijsberjocht

 


It keatsseizoen 2013 stie foar de senioaren manlju en froulju foaral yn it teken fan de ranking. De KNKB freget yn it ramt derfân de meiwurking fan keatsers, keatsters, bestjoerders en elk dy wat mei it keatsen hat om in miening oer it seizoen 2013. Dizze evaluaasje tsjinnet foar ferbetteringen yn it seizoen 2014.

 

Foar 30 septimber reagearje nei info@knkb.nl

 

Sjoch dit nijsberjocht

 


Keatsferiening Easterein hat dit seizoen sûnder foarsitter en sûnder ponghâlder draait. Fansels wie de ‘ald-ponghâlder’ noch wol aktyf op de eftergrûn, mar dochs.

 

Der binne dus noch altyd TWA fakatueres. Fanút de KNKB krije de ferienings in soad stipe by harren aktiviteiten.

 

Bygelyks Kaatsacademie: cursus Besturen met visie

 

Wa doar’t it oan om by ús prachtige feriening, Keatsferiening Easterein, in bestjoersfunksje op te pakken! 

 

Foar mear ynformaasje: info@kfeasterein.nl