KNKB: NK Junioaren

knkb logo webOp de dei sels…

 

Doede Rients Okkema, Carlo Booms en Remon Tie Bouma ha mei begelieder Dirk-Yde Sjaarda de 2e omloop helle van it NK en hearden dus by de bêste 12 partoer fan Nederlân!

 

Yn de 1e omloop winne se mei 5-4:6-6 fan Wytmarsum. Dat gie net fansels…Oant 4-4 wurde de earsten ferdield. 0-1 troch in foarslach fan Doede Rients op 4-6. Easterein komt op 1-1 nei in bûtenslach fan Wytmarsum. 2-1 troch de keats te pakkenop 6-2 en 2-2 as Carlo kwea úut slacht op 0-6. Doede Rients slacht twa kear in sitbal op de stân 4-6 en se komme mei 3-2 foar. Mar dan folgje 5 bûtenslaggen en stiet Wytmarsum wer foar. Carlo nimt efkes de foar bêst oer en se komme op 6-6. De keats kin Remon Tie net foarby slaan en ut wurdt 3-4. Mei in skjin earst komme se wer gelyk, 4-4.

Op 6-4 en in keats slacht Doede Rients goed op en se hâlde de keats, 5-4. As it 4-6 stiet slacht Doede Rients wer in sitbal en de keats dy dêrnei komt wurdt troch Carlo foarby slein.

 

Dan moatte se it op it haadfjild opnimme tsjin favoryt St Jacob. De jonges steane sûnder skutenens yn it fjild en pakke brutalewei de 1-0 foarsprong as St Jacob op 6-6 bûten slacht. Op 2-6 slacht St Jacob de keats foarby, 1-1. St Jacob komt foar mei 1-3 as op 2-6 Doede foar slacht en op 6-6 yn it tuskenspul St Jacob de boppe fynt. Mar Easterein bliuwt goed meidwaan en hellet foaral de punten oan de opslach. St Jacob knoeit dêr ek wat en it wurdt 3-3 ( op 6-4 bûten fan St Jacob, op 6-2 foarslein troch St Jacob).

Mar dan sette de mannen fan St Jacob efkes oan en it perk hat te min antwurd op de snelle opslach fan sawol Bauke Triemstra as Enno Kingma. Nei de bûtenslach fan Doede Rients op 2-6 is it 3-4 en nei trije sitballen en kwea út fan Carlo stiet it 3-5. Op 6-6 hat Easterein noch in kâns, mar Bauke pleatst in sitbal en Easterein is fan de list.

 

De mannen ha har goed sjen litten en foaral de opslach wie tige goed! Yn it perk noch efkes wat better en we dogge noch mear mei! Op nei de Jong-Feinte!

 

 

St Anne wint foar de 3e kear op rige it NK foar junioaren. Sjoerd de Jong en Krijn en Rein Hiemstra winne de finale fan St Jacob mei 5-3:6-6.

 


 

Kommend wykein is it Nederlânske Kampioenskip foar junioaren yn Minnerstgea.

 

De wedstriden binne ek live te folgjen op de KNKB-site

 

Junioaren

Foar Easterein keatse de junioaren Doede Rients Okkema, Carlo Booms en Remon Tie Bouma. Se binne partoer 17 en begjinne tsjin Wytmarsum.

De junioaren keatse yn Minnertsgea en der steane 24 partoeren op de LIST NK JUNIOAREN.

 

In soad sukses tawinske Junioaren!