Bêste minsken,
Hjirby wolle wy jimme fan herte útnoegje foar de ledegearkomste fan Keatsferiening Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen. De gearkomste sil plakfine op woansdei 29 maart 2023 om 20.00 oere.
Wurklist:
1. Iepening
2. Meidielings en ynkommen stikken
3. Oantekens fan de ledegearkomste op 23 maart 2022
4. Finansjeel ferslach:
-rekken 2022
-begrutting 2023
5. Ferslach kaskommisje en beneaming nij lid
6. Presintaasje jierferslach 2022
7. Skoft
8. Bestjoersferkiezing:
Oftredend yn 2022 Dirk-Yde Sjaarda, foarsitter haadbestjoer
Foardracht Marten Faber
Oftredend yn 2022 Sjouke Schilstra, fjilden- en materialen
Foardracht Jan Bouke Bouma
Oftredend Ids de Boer, ponghâlder
Foardracht Romine Jelsma
Fakant Algemien lid/ oansprekpunt wedstriidkommisje
9. Stikken KNKB-gearkomste op 5 april
10. Punten fan út it bestjoer, ûnder oare:
– enkête
– training foar de kompetysje
– koeke aksje
– punten fanút foarjiersgearkomste Federaasje Snits e.o.
– ôfskied kommisjeleden
– fakatueres: stân fan saken
11. Wedstriidaginda 2023
12. Omfreegjen
13. Slúting
Graach oant sjen op 29 maart!
Bestjoer Keatsferiening Easterein