Ferslach lustrumpartij 30-05-2019

 

Tongersdei 30 maaie wie ús lustrumpartij. KF Easterein bestiet yntusken alwer 115 jier! Om dit te fieren wie der op Himelfeartsdei in partij foar ús leden. Froulju en manlju keatsten yn aparte klassen. It waar siet mei; it wie droech mei sa no en dan in sintsje. Helaas waaide it wol hurd, wêrtroch it opslaan foar sommigen lestich wie. Liset Sijbesma die as skoalfamke mei by de senioaren froulju.

 

De froulju keatsten yn in poultsje mei 4 partoer. Alle partijen wiene superspannend, sjoen it feit dat de partijen allegear eindigen op 5 earsten gelyk. It partoer Jitske Plantinga, Petra Jellema en Karin Sjaarda wûnen beide partijen en koene dêrom oan it ein fan de dei de krânsen omhongen krije. It partoer van Sieta Tessemaker, Marjan Flapper en Liset Sijbesma waard twadde. Liset har earste wedstriid by de senioaren en gelyk in moaie priis.

 

By de manlju waard der in ‘gewoane’ list keatst mei 10 partoer. De gong moast der dus wol yn, woene we mei 4 omlopen op tiid klear wêze. Lokkich wurken de mannen hjir goed oan mei en koe eltsenien op tiid in bierke drinke. Somtiden waard der spannend keatst mar in pear wedstriiden giene ek rap. Uteinlik gie de finale yn de ferliezersronde tusken Marten Faber, Tjerk Okkema, Bas van der Wey en Harm Auke Dijkstra, Bauke Jan Plantinga, Sjouke Schilstra. It wie in spannende finale die pas eindige op 5-5 0-6 yn it foardiel fan it partoer fan Marten Faber.

 

Yn de winnersronde koe it partoer fan Peter Stuiver en Jan Vellinga it yn de heale finale net rêde tsjin it partoer fan Syb Overal en Hille Meijer en hjirtroch moasten sy genoegen nimme mei in tredde priis. De finale gie tusken it partoer fan Syb Overal, Hille Meijer en Johannes Hazenberg, Sipke Hiemstra. It wie foar Hille syn tredde wedstriid wer’t hy oan mei die en no al yn de finale. Syn partoer koe it krekt net winne yn de finale; se ferlearen mei 3-5 4-6. De winners, Johannes Hazenberg en Sipke Hiemstra, wiene oer de hiele dei in deeglik partoer en de terjochte winners.

 

Glasblazerij ’t Quakeltje út Eksmoarra hie spesjaal foar ús lustrum glêzen keatsballen op in standert ûntworpen en makke, wêrfoar tank! Ek tank oan de stipersgroep fan KF Easterein foar it mooglik meitsjen fan dizze partij!

 

Froulju

1e priis: Jitske Plantinga, Petra Jellema, Karin Sjaarda

2e priis: Sieta Tessemaker, Marjan Flapper, Liset Sijbesma

 

Manlju

1e priis: Johannes Hazenberg, Sipke Hiemstra

2e priis: Syb Overal, Hille Meijer

3e priis: Peter Stuiver, Jan Vellinga

1e priis ferl.: Marten Faber, Tjerk Okkema, Bas van der Wey

2e priis ferl.: Harm Auke Dijkstra, Bauke Jan Plantinga, Sjouke Schilstra