Nederlânske kampioenskippen 14-7

Sneon 14 july stiet yn it teken fan…jawol,

de 34ste Okkemapartij!

2012 Mailing_KF_Okkema

 

 

En sneon steane der wer trije wedstriden om it Nederlânsk Kampioenskip op it pogramma!

 

Grou – Froulju haadklasse ôfdieling NK

Yn Grou steane 26 partoeren op de list. Easterein is partoer 14 en Marije HIemstra, Imke vd Leest en Anke Marije Pompstra fertsjintwurdigje Easterein yn Grou. Hja moatte los tsjin Grins mei Marie Jetske Lettinga, Aukje Schaper-Stenekes en Marije vd Meer. It begjint om 10.00 oere!

In soad sukses froulju!

 

 

Bitgum – Skoaljonges ôfdieling NK

Yn Bitgum stiet Easterein …. NET OP DE LIST!

Ja wier, nei jierren yn alle kategoryen mei dien te ha yn it Nederlânsk Kampioenskip, dêr ha we dit jier gjin skoaljonges op de list. Tige spitich!

 

 

Wommels – Skoalfamkes ôfdieling NK

Yn Wommels steane foar Easterein op de list de famkes Baukje Terpstra, Janieke Dijkstra en Jeska Terpstra. Se krije it fuort dreech tsjin it partoer fan Mantgum mei Bregt Arendsz, Amarins de Groot en Jennie Terpstra.

Mar yn keatsen is alles mooglik! Sukses froulju!