Nijs fan de redaksje

In delegaasje fan us keatsferiening is útein setten de webside in nije boost te jaan. Wy binne dwaande de side gebrûksfreonliker te meitsjen en binne foarearst ek de redaksje. Sadra at wy hjir wat yn thús binne is ús yntinsje in foltallige redaksje ree te finen dy’t dit stokje oernimme wol.

Yn de ledengearkomste is al oanjûn dat de ynput fan al ús leden it grutste oandiel hat. Der is in keatsútslaggenapp yn whatsapp oanmakke. Hjir kinne alle útslaggen, ferslagen, prizen en sawathinne yn melden wurde, fan alle nivo’s!

Dizze app is ús bron, de útslaggen dy’t hjir yn komme, sille wy sa folle mooglik op de webside sette. Meitsje in koart ferslagje wêr at jim keatst hawwe, wat foar partij en wat de útslaggen binne. It leafst mei foto foar de finishing touch!

Ek oare nijsberjochten wêr at jim fan tinke dat dat op de side kin, mei mailt wurde nei webbehear@kfeasterein.nl

Hawwe jimme noch tips, as wolle jimme yn de redaksje, dan heare wy dat graach!

KOART SEIN; JIM LEDEN BINNE US EAREN EN EAGEN OP DE FJILDEN

Wolst yn de groepsapp? Mail dyn mobiele tillefoannûmer nei webbehear@kfeasterein.nl

Dirk-Yde, Karin, Mattie, Wilma, Wiepkje