Skip to content

Dei trije

De lieders wienen fan’e moarn wekker makke troch de bern mei behulp fan in hiel soad kessens. Dêrnei wie it tiid foar de korveeploech om it moarnsbrochje klear setten, yn de pyama’s dat wol. De keamers waarden ien foar ien perfekt opromme en foar de bern dy’t klear wienen stie de folgende aktiviteit alwer klear. Opdrachten as ‘ferwen de trainer’ of ‘doch de skuon oarsom oan’ gong best. By dizze spultsjes koedest fansels wer in hiele protte bonuspunten fertsjinje. Wichtich, want it ein is hast yn sicht. Tiid foar pankoeken en in hiele soad, want sommigen hienen sels 6 hân! As lêste waarden der noch wedstriden spile yn harren eigen kategory. Tiid om alle tips fan de ôfrûne dagen te brûken.
De âlders kamen yntusken langsum binnen drippeljen op it fjild. Alle bern, begelieding, mar ek Rikkert de Kikkert kamen by elkoar foar de priisútrikking fan de Keatskampbokaal. Dit kear grutte klasse foar de skoaljeugd, want sy wienen de winners fan dit jier en krigen dan ek de bokaal mei wat lekkers yn hannen. Al mei al wer in tige slagge keatskamp mei in soad positive lûden nei de tiid. Allegear ek dank fia dizze wei en dan graach op nei it jubileum oar jier!

 

Traine

 

Tiid foar pannekoeken!

 

 De lêste training….

 

 

Noch efkes oandacht foar de lieding…  Rikkert de Kikkert wie fansels ek wer fan de partij.

 

 

Want wa ha de bokaal dit jier wûn???

 

De skoaljeugd wie nei in spannende striid úteins de winner fan de bokaal. Wat ha se in ynset toant!

 

 

De kabouters lústerje noch oandachtich nei de lêste tips fan harren trainers. Wat ha se in wille hân!

 

 

Elts bedankt!! It wie wer fantastysk! Op nei it lustrum yn 2018!

 

Back To Top