Skip to content

Op de 160ste PC yn Frjentsjer wint Jelte Pieter Dijkstra de 3e priis mei syn maten Sjoerd de Jong en Herman Sprik! Oo syn earste PC yn 2008 hie Jelte Pieter de stumulearringspriis krige en keatste doe mei Hasn Wassenaar en Site Ferwerda. No op syn sechsde PC wie it dan rekke en helle hy de 3e priis.

 20130731 PC1

Jelte Pieter, Herman en Sjoerd, fan herte lokwinske!

(Henk Bootsma Fotografie

20130731 PC5

 

 

Wedstriid

Yn de 1e omloop treffe se it earste klas partoer fan Haye Jan Nicolay, Hendrik Jan vd Velde en Jan Schurer. Se komme wol 1-0 en 2-1 efter, mar nimme dan de touwtsjes yn hannen en keatse goed en deeglik nei in 2-5:2-6 oerwinning.

 

Yn de 2e omloop treffe se it haadklassepartoer fan Menno van Zwieten, Folkert vd Wei en Hans Wassenaar. Dit partoer hie de 1e omloop wûn fan de Enno Kingma c.s, mar maklik giet dat net. In soad buordsjes foelen op 6-6 nei harren kant, wylst dat like goed oarsom kint hie.

 

Jelte Pieter, Herman en Sjoerd keatse de 2e omloop goed! It wurdt in klinkende oerwinning fan 5-0:6-4. Alles rint lekker en giet as fansels, sa sei Jelte Pieter. En it partoer van Zwieten kin der net folle tsjinoer sette. IN prachtige prestaasje en noch moaier in priis!

 

Yn de heale finale treffe se dan ien de favoriten foar de PC-winst. En it giet net sa lekker as de 2e omloop. De ballen dy’t wol yn it perk opslein wurde die wurde fuortslein troch Hiemstra/Bruinsma en eilaas wurde der ek tafolle opslachfouten makke. Jelte Pieter en dy komme net yn de wedstriid en sjogge tsjin in 5-1 efterstân oan. Mar dan wurde se holpen troch Johan mei in bûtenslach op 5-1:2-6 en op 5-2:6-6. As it wer 6-6 is dan stiet Jelte Pieter oan de opslach en dit kear wit hy it perk Hiemstra/Bruinsma te pakken mei in snelle sitbal! 5-4! Se libje noch en wa wit. Mar op 5-4:6-4 is it dochs oer foar Jelte Pieter en dy en letter winne Johan, Renze Pieter en Hylke de PC.

 

 

Eastereiners op de PC

Fan de lêste jierrren wûnen yn 2010 Jacob Klaas Haitsma en Gerrit Flissijn (doe beide noch út Easterein) de 2e priis mei Pieter van Althuis en yn 2009 wie it Dirk Yde Sjaarda dy’t mei Erik Haitsma en Tjibeb Hansma yn de finale stienen en ek de 2e priis wûnen. Yn 2007 wûn Feite de Haan de 3e priis mei Rene Anema en Willem Rienks. Dit partoer hie yn 2006 ek de stimulearringspriis krige!

Foar mear ynformaasje oer de skiednis, sjoch op https://www.pc-franeker.nl/Geschiedenis/

Back To Top