Pearkekeatsen 2020

De jierlikse favoriete partij fan de measte leden waard hjoed ferkeatst: pearkekeatsen!

Der waard yn 3 klassen keatst. Yn de A klasse sieten 4 partoer dy’t yn in poule keatsten, elts koe dus 3x keatse. Yn de lêtste partij troffen de 2 beste partoeren mekoar: Dirk-Yde Sjaarda, Marije Schurer en Robert Sijbesma, Wiepkje Hiemstra. Beide partoeren hiene de earste 2 wedstriden wûn en sadwaande waard dit dus in heuse finale. Dirk-Yde en Marije wûnen dy mei 5-4/6-2 en giene mei de krânsen nei hús.

1e priis: Dirk-Yde Sjaarda & Marije Schurer (21 foar/4 tsjin)

2e priis: Robert Sijbesma & Wiepkje Hiemstra (18 foar/10 tsjin)

 

De B klasse koe mei in gewoane list ferkeatst wurde. Yn de finale fan de winners stiene Sipke Hiemstra en Judith v/d Weerdt tsjinoer Durk Haringsma en Jitske Plantinga. Durk en Jitske wiene hjiryn te sterk en wûnen mei 5-1/6-2 en hjirmei de hage. In 3e priis wie der foar Hotze Jellema en Connie Harkema.

De ferliezersronde yn de B klasse waard wûn troch René Rijpma en Judy Bergsma. Sy wiene yn de finale in maatsje te grut (5-0/6-2) foar Hans en Dieuwke Kooistra.

1e priis: Durk Haringsma & Jitske Plantinga

2e priis: Sipke Hiemstra & Judith v/d Weerdt

3e priis: Hotze Jellema & Connie Harkema

1e priis ferl.: René Rijpma & Judy Bergsma

2e priis ferl.: Hans & Dieuwke Kooistra

 

De C klasse bestie út in poule fan 4 partoer, ek yn dizze klasse koe elts 3x keatse. Yn de lêtste omloop koe alles noch barre, se diene net foarmekoar ûnder. Uteins wiene de krânsen foar Tjerk Okkema en Tine Bouma, in 2e priis wie der foar Tom Couperus en Talitha Dijkstra.

1e priis: Tjerk Okkema & Tine Bouma (16 foar/11 tsjin)

2e priis: Tom Couperus & Talitha Dijkstra (16 foar/12 tsjin)

 

Al mei al wer in hiele moaie en slagge keatsdei! Fansels wer mei tank oan ús stipers foar it mooglik meitsjen fan dizze partij.