Kleintje kaatskamp 2020

Op snein 6 septimber organisearret KF Easterein in ‘kleintje keatskamp’ mei it tema SIMMER YN EASTEREIN! Dit is foar kabouters oant en mei  de skoaljeugd. We sille op ien dei: keatse, allegear spultsjes dwaan, gesellich pankoek ite en noch folle mear!

Dizze dei is foar eltsenien (lid as gjin lid) en is hielendal fergees!! Allinnich it opjaan is ferplicht.

 

Meinimlist:

– keatswant

– sportive klean dy‘t wiet en smoarch wurde meie (sels rekken hâlde mei it waar)

– sportskuon dy’t wiet en smoarch wurde meie

– swimklean

– handoek

– bidon of fleske (eventueel mei namme)

– droege (waarme) klean

Dresskoade: Giel, in hiele protte giel!  We sille der mei elkoar echt in simmers feestje fan meitsje, komst ek?

We kinne foar dizze dei noch wol wat hannen brûke yn de begelieding. Lit it ús dan witte, alfêst tank!
Hâld fierder ús webside/Facebook/Instagram yn’ e gaten.

 

 

 

Groetnis en oant gau,

Halbe Willem, Selma, Sieta, imke en Marije