Ferslach sealkeatsen 12-12-2021

Snein 12 desimber stoen ûs jierlykse sealkeatswedstriid wer op de aginda. De leste keatsactiviteit fan it jier 2021.
It wie even spannend at it trochgean koe, mar uteindelijk ha 12 persoanen har opjoen. Om 10.30 wie elts oanwezich en binne begonnen mei in lekker stikje gebak om te fieren dat Couperus Hydraliek bytekene hat foar noch es 5 jier haadsponsor. Nei it wolkomst praatsje en koffie mei gebak, gie it los. Yn twatallen waard der folop keats. Om 14 oere wie der foar sommigen in extra pauze om de start te sjen fan Max Verstappen. Mar run 14.30 wie eltsenien klear en koe men oanskowe yn ‘e kantine foar de Formule 1. De priisutrikking moest hjirtroch utstelt wurde tot nei de race. Mar toen wie it dan safier en koenen de krânsen utrikt wurde.
1e priis A-Klasse: rémon Bouma mei 21 foar en 9 tsjin
1 priis B- klasse: Tjerk Okkema mei 21 foar en 7 tsjin
2e priis A-klasse: Hans Kooistra mei 19 foar en 13 tsjin
2e priis B-klasse: Tom Couperus mei 17 foar en 11 tsjin
3e priis A-Klasse: Abe Jan Stegenga mei 18 foar en 8 tsjin
3e priis B-klasse: Jildou Couperus mei 15 foar en 13 tsjin