Speurtocht yn’e krystfakansje


KF-speurtocht: sykje de skat!

Dizze fakânsje net nei it swimbad of nei de bioskoop, wat moatte we dan? De speurtocht fan de keatsferiening dwaan fansels! Fanôf hjoed is de speurtocht troch it doarp fergees beskikber foar jong en âld! En… Hoechst ek net lid te wêzen.

Hoe wurket it?
– Download de gratis app Troovie op de tillefoan.
– Lûk dyn stoere stappers oan, nim in folwoeksene mei as begelieder, soargje foar in tillefoan (mei ynternet en in folle batterij), set it lûd oan en gean op paad!
– Brûk de folgjende links. Pas at de earste link hielendal klear is, dan kinne jim de folgjende brûke:
Link 1
Link 2
Link 3
– Meitsje wille, beantwurdzje de fragen en doch de opdrachten fanút de app.

At jim de speurtocht yn de krystfakânsje dogge, stjit der oan it ein wat lekkers foar jimme oanbean troch Keatsferiening Easterein! Nei de fakânsje is de speurtocht ek noch te rinnen, allinnich leit der dan net mear in attinsje klear op it ein.

We binne hiel nijsgjirrich hoe it gean sil. Lit it ús witte mei in foto of berjochtje hjirûnder…

Alfêst in hiel soad súkses! ✨??