Skip to content

Traapôf in sukses en goed besocht!

 

Foarôfgeand oan de keatswedstriid earst nei de kantine fan de Skoalleseize foar de ynformaasjegearkomste fan de Technyske Kommisje fan KF Easterein.

Der wa útlein wa at de partoerbegelieders, teambegelieders ensh. binne fan de ferskate kategoryen. Ek de kleurekaart en it keatskamp kaam oan oarder. Om 12.45 de bern mei de JK kommisje nei de sporthal en de âlders op kursus by Siemke Andela oer “sportyf coachen”.

20140413 TRaapôf1 

20140413 TRaapôf 2 

20140413 TRaapôf 3

Omdat we de sporthal mar oant 15.30 hiene, hawwe we fan te foaren ôfpraat dat der per omloop 45 minuten keatst wurd en 5 minuten rest of it moat wêze dat de partij al earder út is fansels. It winnende partoer krijt 7 earsten. Omdat de âlders noch by Siemke sieten te switten wie it noch tige rêstich yn de sporthal.

 

 


Kommende snein 13 april giet de jongerein los mei it keatseizoen 2014!

 

kick-off logo

Der is in moai programma makke dêr’t ek de âlders en begelieders by belutsen wurde!

 

Programma

 

Lokaasje Skoalleseize

12:15 – 12:45 – Traap ôf foar pupillen oante mei jonges/famkes kategory

 

12:45 – 13:15 – Lêzing ‘Sportyf coachen’ troch Siemke Andela

Hjirre wurde âlders en begelieders ferwachte!

 

 

Lokaaasje Sporthal de Greidhoeke

13:30 – 17:30 – Sealkeatswedstriiden foar de jongerein

opjeftejongerein@kfeasterein.nl

 

Back To Top