Bêste minsken,
Hjirby wolle wy jimme fan herte útnoegje foar de ledegearkomste fan Keatsferiening Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen.
De gearkomste sil plakfine op woansdei 6 maart 2019 om 20.00 oere yn “De Skoalleseize”.
Wurklist:
1. Iepening
2. Meidielings en ynkommen stikken
3. Oantekens fan de ledegearkomste op 7 maart 2018
4. Finansjeel ferslach:
– rekken 2018
– begrutting 2019
5. Ferslach kaskommisje en beneaming nij lid
6. Presintaasje jierferslach 2018
7. Skoft
8. Bestjoersferkiezing:
Oftredend en ferkiesber Dirk-Yde Sjaarda, foarsitter
Oftredend Mattie Dijkstra, fise-foarsitter
Foardracht Romine Jelsma
Oftredend Wilma Sjaarda, skriuwer
Foardracht Fakatuere
9. Stikken KNKB-gearkomste op 14 maart 2019
10. Punten fan út it bestjoer, ûnder oare:
– meidielings fan út de foarjiersgearkomste Federaasje Snits
– ûntwikkelings sportkompleks “De Skoalleseize”
– ôfskied kommisjeleden
– fakatueres: stân fan saken
– webside
11. Wedstriidaginda 2019
12. Lustrumjier – Kening op Sokken
13. Omfreegjen
14. Sluting
Graach oant sjen op 6 maart!
KF Easterein