Skip to content

Snein 10 juny wie it wer safier, de (sa letter op de dei blykte) 35e Okkemapartij. Mei 22 partoer op ‘e list waard der keatst yn 3 klassen. It waar wie lekker, wat bewolkt en in moaie temperatuer en letter de sinne der ek noch wol by. De stiper fan dizze partij, Leanbedriuw Okkema, hie artikels beskikber steld as stroaiprizen. Foar boppeslagen, sitballen, kweaballen en mei somtiden ek noch in koprol as in knuffel mei ien fan de Okkema’s wienen der tassen, shirts en ûnderbroeken te winnen. Oan de ein fan dizze gesellige dei binne ûndersteande priiswinners út de bus kommen.

 

 

Manlju A-Klasse:

 

1e priis:           Bauke Poelsma

                        Sjoerd Teake Kooistra

                        Sybren Poelsma

 

2e priis:           Dirk-Yde Sjaarda

                        Pytrik Hiemstra

                        Robert Sijbesma

 

 

Froulju:

 

1e priis:           Cilia Witteveen

                        Renske Galema – TvS

                        Sietske Poelsma

 

2e priis:           Krista Dotinga

                        Aaltsje Kroes

                        Iris Jonker

 

1e ferl:            Sietske Okkema

                        Tryntsje Bouma

                        Rianne Reijenga

 

 

Manlju B-klasse

 

1e priis:           René Velzen

                        Watze Zeinstra

                        Marco Hoekstra

 

2e priis:            Ingrid de Boer

                        Wietse Hofstee

                        Wybe de Boer

 

3e priis:           Jan Peter Bootsma

                        Bertus Bootsma

                        Egbert Bootsma

 

1e fer:             Jan Flapper

                        Kees Sandstra

                        Bouke Fopma

 

2e fer:             Sipke Hiemstra

                        Tjeerd Dijkstra

                        Tymen Dijkstra

 

 

Nei de priisútrikking waard der noch efkes gesellich neisitten op it terras en yn de kantine fan de Skoalleseize wêr de frijwilligers de minsken fersjoen ha fan in natje en in droogje.

 

We wolle lâns dizze wei leanbedriuw Okkema tige tank sizze foar de stipe fan dizze partij.

 

En we hoopje dat jim sels noch jierren mei dogge, fansels mei meardere generaasjes.

 

 

Back To Top