Wêr yn de krânsen!
Imke vd Leest, Marije Hiemstra en Martine Tiemersma wûn ferline wike foar Easterein de krânsen yn Frjentsjer. Dit wykein wûn Imke de krâns yn de haadklasse útnoeging en Marije en Martine yn de t.i.l.-wedstriid 1e klasse
Keatswykein 9, 12 en 13 maaie
Woansdei 9 maaie
LEDEN
Kniplokaaltsje-partij
Woansdei wie yn Easterein de earste jongerein-partij. Tradisjoneel wurdt it seizoen al jierren lang iepene mei de Kniplokaaltsjepartij. It ferslach en foto’s fine jimme by: 20120509_Kniplokaeltsjepartij
Freed 11 maaie
FEDERAASJE
Hommert-Jutryp- Jonges en famkes
Allinnich Bote Jellema stie op de list yn Hommerts JUtryp, mar gjin priis.
Sneon 12 maaie
KNKB
Junioaren ôfdieling
Foar Easterein keatsten Danny Roos, Carlo Booms en Jelte Pieter Dijkstra. Easterein wint de 1e omloop tsjin Wjelsryp mei … Dêrnei wurdt ferlern fan Minnerstgea. Boalsert mei Peter van Zuiden, Hendrik Bouwhuis en Thomas van Zuiden winne de partij.
Froulju haadklasse útnoeging
Yn Baard wienen de froulju haadklasse foar in útnoegingspartij. Imke vd Leest keatste mei Sanne Velsma en Harmke Siegersma. Nei twa kear 5-5 (4-6 en 0-6) winne se de finale ienfâldich mei 0-5:0-6!
Froulju 1e klasse t.i.l.
Yn Hitsum dus sukses foar Marije Hiemstra en Martine Tiemersma dy mei Nelie Steenstra fan Bitgum de krânsen winne. Yn de finale troffen se Sietske Okkema dy keatste mei Nicole Hempenius en Idske Zijlstra. Foar Sietske dus in 2e priis. Fan de 5 dielnimmers fan Easterein, trije yn de prizen.
Hjirby ek in ferslach fan Marije Hiemstra:
Mei 8 partoer op ‘e earste klas list docht Easterein mei mei 5 keatsters werfan yn twa partoer twa Eastereiners sitte. Jelien en Tineke keatse samen mei Mirjam Beeksma, Martine en Marije keatse mei Nelie Steenstra en Sietske mei hjoed keatse mei Idske Zijlstra en Nicole Hempenius.
Sietske moat de earste omloop gelyk tsjin ‘t partoer fan Tineke, hja sette beide alles op ‘t spul, ‘t partoer fan Sietske kin nog krekt oan it lêste ein lûke en sy winne de partij mei 5-3. Nei ‘t skoft moat Sietske wer los tsjin in oar sterk partoer Rianne Vellinga, Annelien Broersma en Anke Winkel, ek dizze wedstriid gjit net mei oertsjoeching, mar toch winne hja wer en dizze kear mei in 5-4 oan ‘e tillegraaf. Best genôch; dat is ien Eastereiner yn ‘e finale! Tineke en Jelien geane fierder yn ‘e ferliezers ronde en ek dizze wedstriid kinne se helaas net winne. Dan Martine en Marije nog, hja winne de earste omloop frij maklik troch gruttendeels fouten fan de oare partij en self degelik te keatsen.
De twadde omloop ha se ‘t mar dreech, in mindere start wat samar 5-1 efter bringt oan ‘e tillegraaf. Martine hat inmiddels de foar minst opslag oernaam en stjit sa no en dan ek efter yn t perk. De kopkes efkes bij in oar, tactisch keatsen gean en toch kinne se nog krekt oppe tiid de wedstriid keare. 5-5 6-2 is de uteindeliike utslach. Trije Eastereiners yn ‘e finale!
En ’t wie een hiele spannende, t partoer fan Martine en Marije nimt de foarsprong en komt ut op in 5-3 mar de partij is nog lang net dien’t! Sietske keats hjoed best en wit ‘t noch 5 earsten gelyk te meitsjen. T lêste earst wurdt goed keatst troch ‘t partoer fan Martine en sy meitsje de partij ut mei 5-5 6-2.
In moaie dei werby der twa Eastereiners de krânse mei nei hus meie nimme en in Eastereiner de twadde priis. Easterein docht ‘t best bij de froulje earste klasse!
Op nei moarn werby we mei alle froulje yn Pingjum keatse meie!
Snein 13 maaie
KNKB
Manlju haadklasse frije formaasje
Yn Doanjum kaam Jelte Pieter Dijkstra me syn maten René Anema en Peter de Boer yn de finale tsjin Gert Anne vd Bos, Taeke Triemstra en Daniel Iseger. De lêsten komme op 5-1 foar, mar as de spilersbus mei froulju fan Easterein en Wommels yn Doanjum oankomt keart de wedstriid. Jelte Pieter endy komme werom op 5-3, mar ferlieze dan dochs noch. De 2e priis is in moai resultaat.
Froulju haadklasse frije formaasje
Der is in 3e priis foar Imke vd Leest mei de suskes Nynke en WIljo Sybrandy. Se winne fan it partoer fan Hilda Tjepkema, Maaike Osinga en Maaike Bruinsma-Joostema
Froulju 1e klasse frije formaasje
Yn Penjum wienen de froulju 1e klasse frije formaasje te gast en ek de haadklasse froulju f.f. Yn de 1e klasse wienen der prizen foar it partoer fan Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Margriet Bakker en foar Tineke Dijkstra, Judy Bergsma en Geke de Boer. Se stienen yn de finale tsjinoer inoar en Tineke endy winne de krânsen troch mei 5-5:6-2 te winnen nei 5-1 efter.
Famkes
De famkes stienen mei trije partoeren op de list by de ôfdielingswedstriid yn Raerd. Gerry Edou Mollema, Arjanne Schaafsma en Nyncke Pytsje Terpstra begjinne tsjin Seisbierrum-Pietersbierrum en ferlieze dat. Nei in steand nûmer yn de 1e omloop keatse dan Dian Dijkstra, Margretha Terpstra en Jitske Veldman tsjin Seisbierrum-Pietersbierrum. Dizzen wurde net oars fan al dat grien foar de eagen en winne ek fan dit partoer fan Easterein.
Hester Kingma en Regien Sandstra keatse tsjin Wier en ferlieze dat. Hester is dan de ienige die lokkich is yn de t.i.l-wedstriid. Sa lokkich dat hja mei Elma Breeuwsma fan Folsgeare en Marte Altenburg fan Grou de krânse wint! Dronryp wint de ôfdielingswedstriid.
Welpen famkes
Yn Snits wint Corrie Kroondijk mei Femke Terpstra de 3e priis en Roelie Kroondijk ferliest krekt de finale yn de herkansing
Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nl