Valencia – Champions League Llargues
In oantal jierren lyn tochten wij dat keatsen mar in hiele lytse sport wie. In stikje kultuer dat allinne mar yn Fryslân te finen is. Mar mei de jierren komt hieltyd mear it besef dat it keatsen dochs in gruttere sport is dan wij mei syn allen tochten. Sa wurdt der ûnder oare keatst yn Italië, Spanje, Ierlân, Mexico, Australië en Venuzuela. En sa kin ik noch wol efkes trochgean. Hast oeral op de wrâld wurdt der wol keatst. Allegear yn ferskate foarmen mar wol mei it keatsen as basis. En de sporten binne minstens sa populêr of miskien wol populêrder dan hjir yn Fryslân.
Nei myn dielname oan it skitterjende WK keatsen hjir yn Fryslân waard mij ek de kâns gunt om mei te gean nei Valencia. Hjir waard in Champions League toernooi spile yn it Llargues. Dat is de dissipline dy mei it WK ek yn Easterein spile waard op de prachtige nije Llargues baan. Sa’n kâns koe ik net oan my foarby gean litte.
Mei 6 keatsers en in oantal begelieders binne wij op tongersdei 27 septimber ôfsetten nei Valencia. Mei allinne mar koarte broeken en t-shirts yn de tas gienen wij der fan út dat it yn Spanje altyd moai waar wêze soe. Dit bleek efternei net hielendal de goeie ynstelling te wêzen. It wetter kaam mei dikke drippen nei ûnderen, alles stie blank en de VW golf die syn namme ear oan want dy dreaun troch de strjitten.
It wie de bedoeling dat we op freed ús earste poulewedstriid spylje soene. Mar fanwege it strieminne waar koe it spitich genôch net trochgean. Jûns krigen wij te hearren dat alle wedstriden ferpleatst wienen nei de sneon. En wêr dit spultsje normaal op strjitte spile wurd, mochten wij ús dit kear útleve yn in grutte hal yn Benidorm. Dit wie in enoarme hal fan 85 meter lang en 20 meter heech. En omdat se normaal sprutsen op strjitte spylje hiene se de balkontsjes, stoeprânen, húskes en daksgoaten neimakke yn de hal. Hiel moai dien en unyk om in kear mei te meitsjen, mar it moast foar ús al efkes wenne.
De earste wedstriid moasten wij spylje tsjin Kerksen, de Belgysk kampioen fan de lêste jierren. Normaal sprutsen foar ús al in hiele opjefte. It feit dat we net hielendal op ús sterkst wiene en dat we yn sa’n hal spylje moasten makke it der foar ús net makliker op. We gienen dan ek mei 6-0 it skip yn. Dermei wienen ús kânsen om troch te dringen nei de finale eins al fersjoen. Mar we hienen der wol fan leart en wienen klear foar ús folgjende tsjinstanner.
Wij moasten it yn de twadde wedstriid opnimme tsjin it Spaanske Bastan. It gie allegear folle better en makliker as yn de earste partij. En mei 6-1 stjoerden wij de Spaanske ploech nei hûs. Dizze oerwinning wie spitich genôch net foldwaande om de finale te heljen.
De finales waarden op snein spile yn it sintrum fan Valencia. Spesjaal foar dit gebeuren waarden de diken yn in drokke sintrum ôfsetten en koene de finales begjinne. In soad minsken ha dêr sjoen hoe it Spaanske Tibi mei oermacht de finale wûn fan it Belgyske Kerksen. De Belgen koene net op tsjin it Spaanske opslach geweld. De iene bal nei de oare fleach oer de stopljochten hinne, en de Belgen koene allinne mar tasjen. Miskien dat se dizze regel ea feroarje moatte, want der wie foar it neutrale publyk niks oan om nei te sjen.
Ûnder dat neutrale publyk wienen ek noch in oantal supporters fan de Nederlânske ploech. Sa kamen wij ynienen Geb en Anna Joke Bakker tsjin dy dêr op fakânsje wienen. Spitich genôch wienen se wol te let om ús spyljen te sjen. Mar moai dat se der efkes wienen.
We ha dy sneins noch in moaie dei hân yn Valencia. It waar wie ûndertusken omslein en omdat it toernoai foarby wie koene we noch efkes lekker twa dagen genietsje fan it strân, de see, de terraskes en de hearlike heldere Heineken. Dêrtroch kamen we op tiisdei dochs noch mei in foldien gefoel thús. Ek al hienen we net safolle súkses yn it toernoai. Folgjend jier yn België mar wer besykje.
Bauke Dijkstra