Skip to content

Woansdei 30 april is Theo Jelsma op 77-jierrige leeftyd ferstoarn.

Heit fan ús bestjoerslid Romine en kommisjelid Jan Simon.

Theo wie aktyf binnen ús feriening as frijwilliger. Eltse wike wie er mei in fêst ploechje oan it wurk op it fjild.

Theo wie in aktyf lid by de perklizzers, en die dit mei in soad nocht. Hy hat him hjir jierrenlang foar ynset. Ek tidens syn siikbêd bleau hy him ynsette, dêr’t er koe.

In noflike, rêstige frijwilliger dy’t dizze ûnearlike striid net winne koe. Wy sille Theo syn posityfens misse op de fjilden.

Wy winskje Romine & Jan Simon en harren famylje in soad krêft ta.

Back To Top