Alwer in keatspartij hjoed op de fjilden fan KF Easterein. In partij foar al ús keatsende bern. Spitich genôch troch wat miskommunikatie al wat minder dielnimming troch it skoallekeatsen wat hjoed ek plak fûn yn Winsum. Mar ûntank dat ha we der by alle kategoryen dochs in moaie list fan meitsje kinnen.
By de kabouters in poule fan 4 partoer dus allegearre 3x keatse. Nei 3 omlopen wie der 1 partoer dat 21 punten hie en dus alle 3 partijen wûn.
1e priis Brecht Stegenga en Mare van der Velde mei 21 foar en 11 tsjin
2e priis Noa Ottens en Eelkje de Jong mei 16 foar en 12 tsjin
By de welpen 6 partoer op’e list en keatse neffens it poulesysteem fan de KNKB. Allegearre 3 x keatse en dernei de earsten byinoar optelle. Der wiene 2 partoer die nei 3 omlopen alle 3 partijen wûn hiene, dus der gong it om de tsjin-earsten.
1 priis Liset Sijbesma en Geertje van der Weide mei 21 punten foar en 7 tsjin
2e priis foar Jesper Paauw en Tjitske Joustra mei 21 punten foar 10 tsjin
3e priis foar Jorrit Stap en Sybrand Stremler mei 14 foar en 13 tsjin
Hjirby noch even sein ha dat Sybrand noch in kabouter is en hjoed foar it earst tusken de welpen meidien hat, grutte klasse!
By de pupillen 1 poule mei 4 partoer, dus poulekeatsen. Allegearre 3 omlopen yn it spier en dernei earsten telle. Ien partoer hie alle 3 omlopen wûn dus foar harren hjoed de krâns.
1e priis Niels Hiemstra en Marije Zijlstra mei 21 foar en 6 tsjin
2e priis Thijs Janssen en Janneke Overal mei 15 foar en 13 tsjin
By de skoaljeugd en de Jonges en Famkes it poulesysteem mei 6 partoer
1e priis Rutger Wiersma en Nynke Paauw en Marc Janssen
2e priis Julia Paauw en Marrit Hiemstra
3e Priis Roelie Kroondijk en Amber Reijhoudt
In sportive Groet de Jeugdcommisie