Hjoed waar de 35ste Okkemapartij keatst op sportpark De Skoalleseize yn Easterein. Al 35 jier is Leanbedriuw Okkema de stiper fan dizze partij. Sûnt in foarich jier meie de leden fan de ferienings fan alle Federaasjes yn Fryslân meidwaan oan dizze moaie partij. Troch net safolle opjefte hiene we in list van 19 partoer yn trije klassen. Froulju A, Manlju B & C.
Om 12 oere begûn de partij. We hiene de hiele middei prachtich moai waar.
(KLIK op foto foar grutter eksimplaar)
Foar: Gerry Edou Mollema, Hester Kingma en Tjerk Okkema (stiper)
Efter: Hendrik Okkema (stiper), Evert Sjoerd Sijbesma, Sjoerd Hofstee, Nolke Bergstra, Jelle de Boer, Eppie Heins (op de foto mist Hendricus Tacoma)
Manlju
Bij de manlju B klasse f.f. wiene der 8 partoer. Yn de finale fan de winners naam it partoer fan Harm Auke Dijkstra, Dirk de Jong en Hendrik de Jong it op tsjin Nolke Bergstra, Evert Sjoerd Sijbesma en Sjoerd Hofstee. De finale einige mei 5-2 6-2 foar Nolke, Evert Sjoerd en Sjoerd.
Yn de finale fan de ferliezers stiene Sjoerd Postma, Wietse Swierstra en Johan Jilderda tsjinoer Christian Hoekstra, Durk Okkema en Ype Tiemersma. Sjoerd, Wietse en Johan wiene krekt wat te sterk foar it partoer van Christian, Durk en Ype en wûnen mei skjinne fiif earsten.
Yn de C-klasse stienen 4 partoer op ’e list dy’t yn in poule keatsten om twa prizen. Nei twa omlopen wiene der twa partoer dy alles wûn hiene. Dit wiene it partoer fan Oeds Broersma, Roel Sijbesma en Catrinus Kooistra en it partoer fan Eppie Heins, Jelle de Boer en Hendricus Tacoma. Yn de tredde omloop kamen dizze twa partoeren elkoar tsjin. It waar in spannende ‘finale’ die wûn is troch Eppie, Jelle en Hendricus mei 5-4 6-2.
Froulju
Bij de froulju wie der allinnich frij formaasje omdat der net genôch dielname wie foar troch inoar lotsjen. De trije dames dy har opjûn hiene foar it t.i.l. foarmen mei syn trije in partoer.
Yn de ferliezersronde wiene Sieta Tessemaker, Sietske Poelsma en Sietske Merkus dúdlik te sterk foar Petra Jellema, Mattie Dijkstra en Marjan Flapper. Se wûnen dan ek mei 5-0 6-4.
Bij de winnersronde giene Gerry Edou Mollema en Hester Kingma der mei de krânse fan troch. Hun tredde maat wie krekt blessearre rakke, mar mei syn twaen wiene se ek noch de sterksten hjoed. Yn de finale wûnen se mei 5-1 6-2 fan Cilia Witteveen, Romine Jelsma en Vera de Vries.
Al mei al ha we in prachtige 35ste edysje fan de Okkemapartij hân, mei tank oan ús stiper OKKEMA! Op nei de 36ste edysje…