Skip to content

Under prima waarsomstannichheden, wol krekt te kâld foar de tiid fan it jier, waard der fanatyk, sportyf én spannend keatst by de Witteveen & Brouwer partij.

Mei 6 partoer bij de froulju en 8 partoer by de manlju bin we tsjin healwei 1-en los gien. De froulju keatsten yn 2 poules fan 3 partoer en de manlju hiene in ‘gewoane’ list mei 8 partoer.

De froulju keatsten mei de sêfte bal, wat altyd in soad draverij opsmyt en dêrtroch faaks langere wedstriden.

 

Poule A waard wûn troch Marit Kuperus en Jitske Veldman, sy wûnen beide partijen yn harren poule. Petra Jellema, Martina Kooistra en Sanne Rixt Jorritsma waarden de winners fan poule B, ék sy wûnen beide partijen in harren poule. De finale waard in maklike proai foar Marit en Jitske; sy wûnen mei 5-0 6-4.

 

Utslach froulju:

1e priis Marit Kuperus en Jitske Veldman

2e priis Petra Jellema, Martina Kooistra, Sanne Rixt Jorritsma

 


De winners gienen mei twa krânsen nei de grutste supporters fan it Eastereinder keatsen en Abe en Annie waarden bliid ferrast!

20150514EastereinAA

 


 

By de mannen stiene Danny Roos, Klaas Kamstra en Jan Bouke Bouma tsjinoer Jan Vellinga, Peter Stuiver en Rinze de Groot yn de finale fan de ferliezers, Danny c.s. giene der mei de 1e priis fan troch, de einstân waard 5-4 6-6.

 

De finale yn de winnersronde gie tusken Marten Faber, Hans Kooistra én Gert Jan Hiemstra, Marco Rijpkema. Nei in spannende, mar net gehiel flaterleaze partij, giene de krânsen nei Gert Jan en Marco. Se wûnen mei 5-5 6-4.

 

Utslach manlju:

1e priis winners Gert Jan Hiemstra en Marco Rijpkema

2e priis winners Marten Faber en Hans Kooistra

1e priis ferliezers Danny Roos, Klaas Kamstra, Jan Bouke Bouma

2e priis ferliezers Jan Vellinga, Peter Stuiver, Rinze de Groot

 

Nei in flot ferrin fan alle partijen koene om goed 17 oere de krânsen en prizen útrikt wurde. Mei tank oan de stiper fan dizze partij: Witteveen & Brouwer!

20150514 WBpartij

Back To Top