Skip to content

MRW-Accountants Nachtkeatspartij. 6 krânsen, 7 winners

Foar sneontejûn 22 augustus stie it nachtkeatsen foar de senioaren op de wedstriidlist. 18 manlju en 12 froulju hiene harren opjûn. In perfekt oantal foar it oantal keatsers op in list mar der hiene fansels noch wol in protsje keatsers by kinnen fansels. Bij de froulju dus in opjefte fan 12 keatsers en die koene moai yn 4 3 – tallen keatse. By it nachtkeatsen is it sa dat elts foar himsels keatst dus net in fêst partoer hat. We ferkeatse dan ek 3 ferskate listen. Op de 1ste list fan de froulju stiene Marrit, Sanne en Geeske tsjinoer it partoer fan Janieke, Lysbeth en Klaske. Dizze partij hat ûngefear 7 kertier duorre en dat moast dan hast ek wol 5 earsten gelyk party wêze. Yndie 5 -5- en 6-4 yn it foardiel fan Janieke e.d. De oare party tusken Ida, Petra en Talitha tsjin Sieta Tineke en Yvonne wie hearder dien. 5-1 en 6-0 yn it foardiel fan Ida e.d.

De twadde list wiene wat iensidige partijen. Sieta, Sanne en Talitha ferlearen mei 0-5 en 2-6 fan it partoer fan Janieke, Liesbeth en Yvonne en it partoer fan Ida, Tineke en Klaske ferlearen mei 0-5 en 4-6 fan Marit, Petra en Geeske.

De tredde list is de alles of neat-list. At je winne ha je miskien de krâns en at je ferlieze wer net. By de A-maten hie Janieke de folle 14 punten folge troch Marit mei 12 punten. Bij de B-maten Hiene Liesbet en Petra beide 14 punten en bij de C-maten wie der net ien dy’t 2 x wûn hie. Oan kop gong Geeske mei 12 earsten folge troch Yvonne mei 8 earsten. Op de tredde list Sita, Sanne en Yvonne tsjin Janieke en mem Talitha en Tineke. In tige spannende partij dy’t wûn is troch Janieke e.d. mei alles oan de hang. Troch dizze winst wie it wol dúdlik foar Janieke dat se de krâns hie bij de A-maten en koe mem ek yn oanmerking komme foar in priiske. De oare partij gong tusken Marit, Lysbet en Klaske tsjin Ida, Petra en Geeske. Dizze partij wa wûn troch Marit e.d. mei 5-3 en 6-6.

Utslach by de froulju

1ste priis

C-maten Geeske Yntema 15-12

B-maten Lysbet Bakker 21-8

A-maten Janieke Dijkstra 21-10

2de priis: 

C-maten Talitha Dijkstra 14-12

B-maten Petra Jellema 17-7

A-maten Marit Couperus 19-9

 

Bij de manlju 6 partoer mei 3 keatsers. Yn de earste omloop Bote, Jorrit en dat soe kees wêze mar dy ha we net wer sjoen. Se moasten keatse tsjin Abe Jan, Sjouke en Rinze. Bote e.d. wûnen dit mei 5-2 en 6-2 Hans, Hendrik en Wietse moasten tsjin Remon Tie, Bauke Jan en Tjerk. Se spielen 5-1 en 6-4. Yn it tredde perk moasten Tjeerd, Marco en Gep tsjin Christiaan,Tom en Jan Bauke. Christiaan e.d. stoenen al gau mei 0-2 efter dus der moast wat barre. Nei wat ruilje yn opslach en perk wa it doch in moaie pot. 5-5- en 6-2 yn it foardiel fan Tjeerd e.d. De kop wie der ôf, op nei de twadde list. Remon Tie, Tom en Wietse wûnen de spannende partij mei 5-5- en 6-4 fan Abe Jan, Jorrit Veldman en Jan Bauke. Die earme Christiaan spiele ek de twadde partij 5-5 mar no wûn hy de partij mei syn maten Hendrik en Gep fan Tjeerd, Bauke Jan en Rinze. De tredde partij gong tusken Bote, Sjouke en Tjerk tsjin Hans Marco en Jesse Eringa. Jesse wie ynfalle foar Kees en dat die hy poerbêst. In nij toptalint yn de gelederen fan de KF. Hans e.d wûnen mei 2-5 en 4-6.

In tuskenstân by de manlju sjoch der dan sa út:
Bij de A-maten Hans mei 14-3 folge troch Tjeerd en Christiaan mei beide 12-11
Bij de B-maten Hendrik en Marco beide mei 14 punten. Marco wol mei 7 tsjinearsten en Hendrik mei 6
Bij de C-maten Wietse oan kop mei 14-6 folge troch Gep mei 14-10

Op de tredde list koe dus alles wer feroarje want Hans moast tsjin Marco. Ferlies fan Hans soe blommen om de nekke fan Marco betsjutte. Gep tsjin Wietse. De striid by de C-maten. Yn it earste perk dus de jonge jonges Remon Tie, Marco en Jesse. Mei syn trijen noch gjin 60 jier tsjin Hans, Tom en Jan Bauke Bouma. Mei sa’n 150 jier ien brok oan erfaring soene je sizze. Helaas ha je by it nachtkeatsen neat oan erfaring mar mear oan hurddraverij. Remon Tie wûnen dit mei 5-2 en 6-4. Hans koe de konifear om syn nekke wol ferjitte en Marco siet op roaze. Yn it twadde perk Tjeerd, Jorrit en Gep tsjin Abe Jan, Bauke Jan en Wietse. Wa pakt bij de C-maten de krâns en kin Tjeerd by winst de krâns ek meinimme? Op 5-5 en 6-6 kearde Gep op in manier a la Piet Schrijvers de sêfte bal foar de keats. Winst foar Gep en Tjeerd dus. Sneu foar Wietse.

Yn it tredde perk Bote, Hendrik en Tjerk tsjin Christiaan, Sjouke en Rinze. Hendrik moast ek winne om de folle winst te pakken, mei fansels sa min mooglik tsjinearsten. Marco hie 5-2 spiele dus Hendrik mocht net mear as 3 tsjinearsten hawwe. Dit barde wol. Bote, Hendrik en Tjerk wûnen mei 5-3 en 6-2. Of wie it 6-4?????? Nei lang diskusjearje doch 5-3 en 6-4. Wat makket dat no út soene je sizze. No.. it sit sa. Hendrik en Marco hiene beide 21 foar en 9 tsjin. Dan wurd der nei de punten sjoen. Hendrik hie oan punten spiele 6-4/6-2 en 6-4 en Marco hie oan punten spiele 6-2/6-4 en 6-4. Jo sjoch it al. Ek hjir gjin ferskil. Se hiene ek net tsjin elkoar spiele want dan hie der wol ien ferlern. Nei lang berie binne we der út kommen. Gjin 2de priis en beide de 1ste. We bestelle der gewoan in krâns by. We woene ek net om de earste priis lotsje.

De útslach by de manlju:

1ste priis

C-maten Gep Bakker 21-15

B-maten Hendrik Okkema en Marco Rijpkema 21-9

A-maten Tjeerd Dijkstra 19-16

2de priis

C-maten Wietse Vink 19-12

B-maten

A-maten Hans Kooistra 16-9

Tarwe….. dochs wat ferkeard gongen yn de partij fan de jonkjes tsjin de âlden, want Gep, Hendrik en Tjeerd binne de jongsten ek net mear.

Hawar. Al mei al in tige slagge nachtkeatspartij en we betankje MRW accountants foar harren stipe.

Nije wike snein stiet de lêste senioaren ledepartij op de aginda. Dit is de DE JONG-partij, stipe troch de Jong Installaasjebedriuw. Opjefte oant tongersdeitejûn 27 augustus oant 20.00 oere fia opjefte@kfeasterein.nl

Golle groetnis, bestjoer KF Easterein

20150822MRW Nachtkeatsen5

Back To Top