Ferslach nachtkeatsen 23 augustus 2014
Nei al it wetter wat de lêste dagen fallen wie, wie it hjir en dêr wat blubberig op it fjild. Mar lokkich wiene de waargoaden ús goed sint en bleaun it op in lyts buike nei de hiele jûn droech. Nei útlis fan de spulrigels, troch Mattie, koene we om goed 21 oere los gean. Sa as gebrûklik waard der keatst mei de sêfte bal yn 3 ferskillende listen.
Yn totaal 30 keats(t)ers dy’t harren opjûn hiene. By de mannen kamen we krekt net ta in folsleine list, lokkich koene we Marije Hiemstra ree fine om mei de mannen te keatsen.
Foaral de 1e omloop waard der dreech en spannend keatst; alle partijen, sawol by de manlju as de froulju einigen op 5-4 as 5-5. By de froulju wie it sels oant twa kear ta ‘alles oan ‘e hang’. De partoeren wiene dus oan mekoar weage.
De 2e en 3e omloop wiene, kwa partijen, wat minder spannend. Mar trochdat der mei ferskillende listen keatst waard wie it fansels in hiele rekkenerij ûnder de keats(t)ers; hoefolle foar –en tsjinearsten ha ik? Uteinlik wiene der ‘mar’ 2 keatsers dy’t alle partijen wûnen.
De útslaggen:
Manlju A
1e Remon Bouma, 19 foar/12 tsjin
2e Danny Roos, 19 foar/15 tsjin
Manlju B
1e Tymen Dijkstra, 21 foar/9 tsjin
2e Peter Stuiver, 18 foar/12 tsjin
Froulju A
1e Nyncke Terpstra, 18 foar/12 tsjin
2e Dian Dijkstra, 18 foar/16 tsjin
3e Gerry Edou Mollema, 17 foar/15 tsjin
Froulju B
1e Jitske Plantinga, 21 foar/10 tsjin
2e Sanne Rixt Jorritsma, 19 foar, 14 tsjin
3e Talitha Dijkstra, 18 foar, 11 tsjin
Mei tank oan Wiepkje (foar it rekkenjen), Vera/Romine (ynfalle efter de bar omdat oaren rekkenje moasten) en fansels de stiper fan dizze partij MRW accountants wie it wer in sportieve en gesellige nachtkeatsjûn!!