24-08-2013 – MRW nachtkeatsen senioaren

MRW Nachtkeatsen senioaren

 

Sneon ha we wer ús tradisjonele nachtkeats partij hân. Goed 21.00 oere is elts binnen en kinne we de iepening dwaan. Mei hearlik waar, in hartstikke moaie list fan yn totaal 16 partuur (8 by de manlju en 8 by de froulju), yn totaal 42 keatsers, kin it hast net oars as dat it in moaie keatsnacht wurd.

 

Dit wie ek it gefal, it hiele skoppersfjild foar de klaaiboksen stie fol keatsers. Der kamen regelmjittich taskôgers op it fjild sjen, sels op Skylge koene se ús heare want Samme en Anke komme ek efkes te sjen wat der hjir allegear bard.

 

In protte wille wie der, ûntsettend folle tuskenspul, sommigen drave it hiele fjild oer om de bal noch te pakken, en dat slagget faaks ek noch om’t de bal sa hearlik stuit, elts hat it nei syn sin. 3x keatse mei in oare list, it makket it altyd bysûnder kwa útslach want de “earsten foar” telle earst, dernei de tsjinearsten. Der wurdt dus rekkene om it libben.

 

Priiswinners fan it nachtkeatsen 2013 binne:

20130824 MRW Nachtkeatsen
 
Dames A klas:

1. Mattie Dijkstra (17 foar, 14 tsjin)

2. Sanne rixt Jorritsma (16 foar, 9 tsjin)

3. Dian Dijkstra (16 foar, 13 tsjin)

 

 

Dames B klas:

1. Jitske Plantinga (21 foar, 6 tsjin)

2. Machteld Couperus (21 foar, 13 tsjin)

3. Talitha Dijkstra (16 foar, 13 tsjin)

 

 

Dames C klas:

1. Jeltsje Hallema (21 foar, 7 tsjin)

2. Willy bootsma (21 foar, 12 tsjin)

 

 

Manlju A klas:

1. Stefan v Krimpen (21 foar, 6 tsjin)

2. Robert Sijbesma (21 foar, 7 tsjin)

3. Marten Faber (21 foar, 8 tsjin)

 

 

Manlju B klas:

1. Hans Kooistra (21 foar, 8 tsjin)

2. Tsjerk Okkema (19 foar, 8 tsjin)

3. Sjouke Skilstra (18 foar, 14 tsjin)

 

 

Manlju C klas:

1. Hendrik Okkema (21 foar, 3 tsjin)

2. Jorrit Veldman (21 foar, 7 tsjin)

3. Wietse Vink (16 foar, 13 tsjin)

 

 

Al mei al in tiige slagge nachtkeatspartij. BEDANKT, en oant de oare kear!!!