Skip to content

 

Troch de minne waarfoarsizzingen (kâld en rein) koene de keatsers by de 3e Keningsdeipartij kieze mei watfoar bal se keatse woene; de sêfte as gewoane bal. Hjirtroch wiene der 3 ferskillende klassen:

• froulju sêfte bal

• manlju sêfte bal

• manlju en 2 froulju mei de gewoane bal

Om goed 10 oere wiene alle bikkeljende keatsers oanwêzich.

Nei it wolkomstwurd fan fise-foarsitter Mattie Dijkstra begie elk oan de warming-up om de spieren alfêst wat op te waarmjen.

 

Froulju sêfte bal (gewoane list 8 partoer)

De finale yn de ferliezersronde gie tusken Janieke Dijkstra/Machteld Veldman en Sieta Tessemaker/Gerbrig Reitsma. Mei 5-1/6-2 wûnen Janieke en Machteld de iensidige finale. Yn de finale fan de winnersronde gie de striid tusken Jitske Plantinga/Jitske Veldman en Tineke Dijkstra/Nynke Paauw. De beide Jitske’s wûnen yn in spannende striid mei 5-4/6-4.

20160427KeningsdeiFseftebal 

Manlju sêfte bal (poule fan 4 partoer)

Mei 4 partoer yn ien poule koene de mannen allegearre 3x keatse. 2 partoeren wûnen harren earste 2 partijen. Op de 3e list kamen se elkoar tsjin en waard it in echte finale tusken Rémon Tie Bouma/Paul de Bruin en Sjouke Schilstra/Bas van der Wey. Nei in foarsprong fan Sjouke en Bas (5-3/6-2) kamen Rémon Tie en Paul op stoom. Uteinlik waard it ‘alles oan ‘e hang’ en giene Rémon Tie en Paul mei de krânsen nei hús.

20160427KeningsdeiMseftebal 

Manlju (gewoane list 10 partoer)

Troch in drege 1e omloop wie de keatserij mei de gewoane bal as lêste dien. Marten Faber, Kees v/d Horst en Tom Couperus wûnen de 1e priis yn de ferliezersronde troch mei 5-3/6-0 de treastfinale te winnen fan Simon Kingma, Jan Vellinga en Dieuwke Kooistra. De 3e priis yn de winnersronde wie foar Harm Auke Dijkstra, Klaas Kamstra en Jan Bouke Bouma. Sy ferlearen op de 3e list fan de lettere 2e priiswinners mei 5-3/6-2. De finale wie net al te dreech en spannend; Jan Schurer, Hendrik Okkema en Jacob Sjirk Joustra wûnen mei 5-1/6-6 fan Ewout de Boer, Tjerk Okkema en Wietse Ligthart. 

20160427KeningsdeiMF

In prachtige iepening fan it keatsseizoen! It waar foel alles ta, moaie en sportive keatserij én noch in gesellige neisit.

Mei tank oan de stiper fan dizze partij: Oranjeferiening Oranje en Heitelân.

20160427KeningsdeiSeftebal

 

20160427Keningsdei

Back To Top